Riis
Riis | ||
Filla Moai Gaasterlân | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 185 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,42 km² (5,38 km² lân, 0,04 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 34 ynw. /km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8572 | |
Netnûmer | 0514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB, 5° 30' EL | |
Slottún Riis | ||
Offisjele webside | ||
Webside fan Bakhuzen, Murns en Riis | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Riis yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat |
Riis is in streekdoarp yn 'e Súdwesthoeke en de gemeente De Fryske Marren. It leit oan 'e noardeastkant fan 'e dêrnei ferneamde Rysterbosk, oan 'e wei fan Aldemardum nei Himmelum. It doarp is benammen bekend fan it hûs Moai Gaasterlân en fan it Konkoers Hippyk Riis, dat lykwols sûnt 2005 yn 'e himrik fan it buordoarp Harich is.
Riis hat 185 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wie yn 'e prehistoarje al bewenning yn 'e omkriten fan Riis. De yn 1849 yn 'e Rysterbosk fûne stienkiste fan Riis tsjûget fan bewenning út 'e tiid fan 'e klokbekerkultuer, de iennige fan soksoarte grêfheuvel yn Fryslân.
Riis waard foar it earst neamd yn 1333 as ferwizing nei in foarwurk fan it Starumer Sint-Odulfuskleaster as Riis. De gebouwen fan it foarwurk binne nei alle gedachten yn 1495 ferwoastge, dêr't de oerbliuwsels fan letter yn Himmelum wer brûkt waarden. Yn de 17e en 18e uw komt Rys foar. It elemint riis(hout) (tûken, twigen) is foar it doarp yn gebrûk rekke.[2]
Yn 'e 19e en 20e iuw woeks it plak troch lânoanmakkerij út ta in doarp. Foar dy tiid wie it net mear as in buorskip en foel it ûnder de himrik fan Murns. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Riis sûnt minskewitten ta de gemeente (en dêrfoar de gritenij) Gaasterlân. Fan 1984 oant 2014 foel it ûnder de gemeente Gaasterlân-Sleat.
Huzinge Riis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Huzinge Riis.
De earste eigener fan Riis wie de aadlike famylje Galama út Koudum waans stins stie oan wat no de Smitsleane by Riis hjit. De Galama's lieten de toarre heide ta fruchtbere grûn meitsje. Letter kaam it gebiet yn hannen fan de famylje Schwartzenberg. Dy lieten in Schwartzenbergfeart (no Ryster Feart) nei Kolderwâlde grave.
Markant ûnderdiel fan Riis wie Huzinge Riis, eartiids it Slot, boud troch de hear De Ruyter de Wildt. Dêr hawwe de famylje Schwartzenberg, Jonkhear Ulbo Aylva Rengers en syn soan Lamoraal Albert Aemelius Rengers en letter de Van Swinderens wenne. It slot waard yn 1937 sloopt. Inkelde jierren letter wie de grûn fan It Fryske Gea. Fan 2007 oant 2010 waard dêr in Ingelske Slottún oanlein.
Om it hûs hinne kaam nei 1850 mear bebouwing. Dêr ferriisden guon filla's, in hotel en wenhuzen. Ien fan de meast tekenjende filla's dy't hjoed-de-dei noch bestiet is it yn 1912 boude Moai Gaasterlân. Ea wie dat in bûtenhûs fan in aadlike famylje, letter waard it in bernekoloanjehûs. Tsjintwurdich is it in medysk Bernetehûs.
Njonken dy filla stiet sûnt 1947 in kapeltsje fan de Dochters fan ús Leave Frou fan it Hillige Hert. Dy fûnen harren oarsprong yn 1882 yn Issoudun yn Frankryk. It haadkleaster foar Nederlân stiet yn Tilburch.
Leauwe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kristlik leauwe kaam yn de 8e iuw nei Riis. Yn 830 stifte Odulf in kapittel yn Starum. Nei't dy yn ferfal rekke waard, it yn 1132 omset yn in Abdij fan Benediktinen. Dy abdij hie ûnder oaren in úthôf yn Riis. Dat wie in kapel wêryn't in byld fan Marije yn Fryske klaaiinge stie. Dêrtroch waard Riis in soarte beafeartoarde. Yn 1400 waard de abdij yn Starum ferwoastge. Fyftjin jier letter waard begûn mei de weropbou súdlik fan Starum, mar de abt en in diel fan de muontsen hiene har yn de úthôven yn Riis en Himmelum fêstige, dêr't gjin tafersjoch wie. De Abdij waard slim teheistere troch Ige Galama en op 'e nij ferwoastge. Yn 1495 waard er nei Himmelum ferset.
Rysterbosk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Rysterbosk.
Yn de Rysterbosk stiet al mear as 190 jier in Fredestimpeltsje. Dat is dêr delset doe't keizer Napoleon nei Elba ferballe waard en Fryslân fan dy Frânske hearsker befrijd waard. Middenyn de bosk is no in teätertún, yn it heechseizoen wurde dêr ferskate (lytsskealige) konserten jûn en winterdeis in bysûndere krystmerk.
Begjin fan de 20e iuw stie der in stienfabryk tichteby Riis. De liemgatten binne noch werom te sjen yn 'e stikken lân dêr omhinne. Yn 1916 waarden dêr in hûnderttal Belgyske húshâldings, dy't flechtsje moasten yn de Earste Wrâldkriich, ûnderbrocht.[3]
Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie de bosk it lansearplak fan V2-raketten. Yn septimber 1944 waarden yn in tal wiken troch it Dútske 444 Art. Lehr-Versuchbataljon likernôch 70 raketten ôffjurre, ynearsten nei Súdeast-Ingelân en letter nei de haven fan Antwerpen dy't foar de alliearde opmars fan grut belang wie. Yn en om de bosk hinne noch spoaren fan it ôffjurjen fan de V2-raketten te sjen.[4][5]
Fûgelpark
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sybrandy's Boarterspark.
Yn 1964 iepene Sybrandy syn boartersplak, dat ek wol bekend as it fûgeltsjepark. Dêr wiene boarterstunen benefter "Hotel Gaasterlân" en "Hotel Jans", dêr't in soarte fan in trein op in minimonorail op it terrein stie. Dêr waarden ferskate dûnsjûnen benefter Hotel Jans organisearre. Yn 1970 waard it festival Peace op Rijs fierd, dat fannijs yn 2012 troch de organisaasje teätertún Riis oerdien waard as Gaasterlân popfestival Love en peace, in fonkje flower power yn Riis. De teätertún waard yn âlde gloarje weropboud. Dêr wurde gauris muzykfestivals en oare eveneminten organisearre.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Riis is al jierren in toeristysk plak. Der binne dan ek in oantal kempings, twa hotels, fjouwer restaurants en in attraksjeparkje dat geografysk besjoen eins ûnder Aldemardum falt. Mei Bakhuzen en Murns wurket Riis in soad gear op mêd fan it ferieningslibben. It Doarpsbelang komt op foar de belangen fan 'e trije doarpen. Doarpskrante Op 'e Hichte ferskynt alle moannen.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Foar ferienings sjoch op de side fan Bakhuzen.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2024 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
363 | 358 | 291 | 287 | 237 | 140 | 180 | 175 |
Boarne: Alle Cijfers (2013 en 2024)
Ferneamde ynwenner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johann Frederik Mauritz Herbell (1752-1819), histoarikus en rjochter
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Griene Leane, Inkhuzerleane, Freule van Swinderenleane, Leise Leane, Marderleane, Mientwei, Murnserleane, Smitsleane.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|