Ellen Vogel
Ellen Vogel | ||
akteur | ||
Ellen Vogel yn 1976 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ellen Marie Elze Anthing Vogel | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 jannewaris 1922 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 5 augustus 2015 (93 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1945–2013 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Ellen Marie Elze Anthing Vogel (Den Haag, 26 jannewaris 1922 – Amsterdam, 5 augustus 2015) wie in Nederlânske aktrise.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vogel wie lid fan de patrysjersfamylje (Anthing) Vogel en wie in dochter fan de foardrachtskeunstner (Louis) Albert Vogel senior en de foardrachtskeunstneres Ellen Buwalda, bekend ûnder de artystenamme Ellen Vareno. Har broer Albert en suster Tanja giene beiden ek oan it toaniel.
Vogel gie yn 1942 nei de toanielskoalle, debutearre yn 1945 by Comedia en spile fan 1950 oant 1971 ôf by de Nederlandse Comedie. Dêrneist wie se in protte yn films en op 'e telefyzje te sjen. Yn 1961 krige sy de Theo d'Or foar har rollen yn Kasteel in Zweden en Joseph in Egypten.
By har fyftichjierrich jubileum yn 1995 waard Vogel grande dame fan it Nederlânske teäter neamd, in offisjeuze titel dy 't foarhinne weilein wie foar Mary Dresselhuys. Op snein 29 novimber krige sy de Blijvend Applaus Prijs 2009 útrikt.
By gelegenheid fan har 85e jierdei ferskynde in webside mei fideo- en audiomateriaal en waard it boek Ellen Vogel oer har libben en wurk útjûn. It boek waar skreaun troch Tonko Dop en Anneke Muller.
Ellen Vogel hat troud west mei akteur Hans Tobi, mei wa't se yn 1946 in soan krige, Peter Paul Tobi . Nei har skieding fan Tobi yn 1949 wenne se oant 1955 mei regisseur Fons Rademakers. Sûnt 1976 wie se troud mei Jimmy Münninghoff. Hy stoar yn juny 2012 yn 'e âldens fan 86 jier.
Ellen Vogel ferstoar yn 2015 yn de âldens fan 93 jier. De kremaasjeplechtichheid wie op Westgaarde yn Amsterdam.
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1969: De kleine zielen
- 1975: Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan
- 1982 en 1984: Mensen zoals jij en ik, frou Leeghwater resp. Eugenie Oldeveld
- 1982-1983: Armoede
- 1983: Herenstraat 10
- 1984: Willem van Oranje
- 1992-1998: Zonder Ernst
- 1998: Villa Felderhof, mei Edgar Vos
- 2003: Oude koeien
- 2006: Ellen Vogel, koningin van het toneel (Close Up-dokumintêre fan Jan Fillekers en Henk van der Horst)
- 2009: Bernhard, schavuit van Oranje
- 2012: Beatrix, Oranje onder vuur
- 2013: Doris (tf-rige)|Doris
- 2013: Sterren op het Doek
Teäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1945: Weekend in Californië (debút)
- 1983-1984: De kersentuin (Anton Tsjechov)
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1946: Bezet gebied
- 1960: Makkers, staakt uw wild geraas
- 1961: Het mes
- 1969: Monsieur Hawarden
- 1981: De vergeten zuster
- 1983: Brandende liefde (nei de roman fan Jan Wolkers)
- 1985: Paul Chevrolet en de ultieme hallucinatie
- 2001: The Discovery of Heaven
- 2002: De tweeling
- 2005: Masterclass
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Fideo- en audiomateriaal Ellen Vogel
- (ned) Hanny Alkema, 'Vogel, Ellen Marie Elze', yn: Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ellen Vogel fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|