Springe nei ynhâld

Emmendingen (Landkreis)

Ut Wikipedy
Lânkring Emmendingen
wapen
Statistyk
Ynwennertal 170.996 (2022)
Oerflak 679,81 km²
Befolkingsticht. 252 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Freiburg
Oar
Adres bestjoer Bahnhofstraße 2–4
79312 Emmendingen
Koördinaten 48° 7' N 7° 50' E
Yndieling 24 gemeenten
Kenteken EM
NUTS-koade DE133
Kreiskaai 08 3 16
Webside landkreis-emmendingen.de

Emmendingen is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1939 oprjochte.

Stêden en gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten:

Kaart mei gemeenteyndieling fan 'e lânkring.
Stêden
  1. Elzach
  2. Emmendingen
  3. Endingen am Kaiserstuhl
  1. Herbolzheim
  2. Kenzingen
  3. Waldkirch
Gemeenten
  1. Bahlingen am Kaiserstuhl
  2. Biederbach
  3. Denzlingen
  4. Forchheim
  5. Freiamt
  6. Gutach im Breisgau
  7. Malterdingen
  8. Reute
  9. Rheinhausen
  1. Riegel am Kaiserstuhl
  2. Sasbach am Kaiserstuhl
  3. Sexau
  4. Simonswald
  5. Teningen
  6. Vörstetten
  7. Weisweil
  8. Winden im Elztal
  9. Wyhl am Kaiserstuhl

Emmendingen en Waldkirch binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:

  • GVV Denzlingen-Vörstetten-Reute mei de sit yn Denzlingen; oansletten gemeenten binne: Denzlingen, Reute en Vörstetten.
  • GVV Elzach mei de sit yn Elzach; oansletten gemeenten binne: de stêd Elzach en de gemeenten Biederbach en Winden im Elztal
  • GVV Kenzingen-Herbolzheim mei de sit yn Kenzingen; oansletten gemeenten binne: de stêden Herbolzheim en Kenzingen en dêrnjonken Rheinhausen en Weisweil
  • GVV Nördlicher Kaiserstuhl mei de sit yn Endingen; oansletten gemeenten binne: de stêd Endingen en de gemeenten Bahlingen, Forchheim/Kaiserstuhl, Riegel, Sasbach/Kaiserstuhl en Wyhl am Kaiserstuhl

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:

  • VVG fan 'e stêd Emmendingen mei de gemeenten Freiamt, Malterdingen, Sexau en Teningen.
  • VVG fan 'e stêd Waldkirch mei de gemeenten Gutach im Breisgau en Simonswald.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Emmendingen, ferzje 27 maaie 2024.


Baden-Wuertemberch Flagge fan Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

· · Berjocht bewurkje