Lörrach (Landkreis)
Lânkring Lörrach | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 233.027 (2022) | |
Oerflak | 806,67 km² | |
Befolkingsticht. | 289 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Freiburg | |
Oar | ||
Koördinaten | 47° 36' N 7° 39' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 35 gemeenten | |
Kenteken | LÖ | |
NUTS-koade | DE139 | |
Kreiskaai | 08 3 36 | |
Webside | loerrach-landkreis.de |
De lânkring Lörrach is in bestjoerlik distrikt yn it súdwesten fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte en de Kreisstadt is de stêd Lörrach. It oerflak fan 'e lânkring is 806,81 km² en de lânkring grinzget west oan Frankryk en súd oan Switserlân.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânkring is yn 'e folgjende stêden en gemeente ferdield
Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Lörrach, Rheinfelden en Weil am Rhein binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:
- GVV Schönau im Schwarzwald mei de sit yn Schönau im Schwarzwald; oansletten gemeenten: de stêd Schönau im Schwarzwald en de gemeenten Aitern, Böllen, Fröhnd, Schönenberg, Tunau, Utzenfeld, Wembach en Wieden.
- GVV Vorderes Kandertal mei de sit yn Binzen; oansletten gemeenten: Binzen, Eimeldingen, Fischingen, Rümmingen, Schallbach en Wittlingen.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:
- VVG fan 'e stêd Kandern mei de gemeente Malsburg-Marzell.
- VVG fan 'e stêd Lörrach mei de gemeente Inzlingen.
- VVG fan 'e stêd Rheinfelden (Baden) mei de gemeente Schwörstadt.
- VVG fan 'e gemeente Schliengen mei de gemeente Bad Bellingen.
- VVG fan 'e stêd Schopfheim mei de gemeenten Hasel, Hausen im Wiesental en Maulburg.
- VVG fan 'e stêd Zell im Wiesental mei de gemeente Häg-Ehrsberg.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Lörrach, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |