Springe nei ynhâld

Eppo Doeve

Ut Wikipedy
Eppo Doeve
keunstner
Eppo Doeve yn 1951
Eppo Doeve yn 1951
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Ferdinand Doeve
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 july 1907
berteplak Bandûng
stoarn 11 juny 1981
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Tekener,
Boekbânûntwerper

Joseph Ferdinand ('Eppo') Doeve (Bandûng (Nederlânsk-Ynje), 2 july 1907 - Amsterdam, 11 juny 1981) wie in tekener, ûntwerper en boekbânûntwerper.

Yn 1927 ferfear Doeve fan Bandûng nei Wageningen yn Nederlân, dêr't er oan de Lânbouhegeskoalle studearje woe. Yn syn stúdzjetiid wie er lid fan de Wageningske Studinten Feriening Ceres en mei-oprjochter fan de Ceresband. Al foar de Twadde Wrâldoarloch wurke er foar in stikmannich opinyblêden; fan koart nei de befrijing fan Nederlân oant syn dea wie dat foar Elseviers Weekblad. Hy foarseach it blêd wykliks fan in politike print en makke yllustraasjes by reportaazjes. Yn 1948 ûntwurp er it earste affysje fan it doe krekt oprjochte Holland Festival.

Doeve yllustrearre reklamekampanjes fan ûnder oare Heineken en Philips. Teffens makke er dekôrs en bankbiljetten en tekene omslaggen foar in protte iere Prisma Pockets. Hy skildere ek portretten.

Hy wie lid fan Arti et Amicitiae yn Amsterdam.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]