Springe nei ynhâld

Johan Witteveen

Ut Wikipedy
Johan Witteveen
politikus
echte namme Hendrikus Johannes Witteveen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 12 juny 1921
berteplak Seist (Utert)
stjerdatum 23 april 2019
stjerplak Gemeente Wassenaar
etnisiteit Nederlânsk
partij VVD
direkteur fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns
amtsperioade 19731978
foargonger Pierre-Paul Schweitzer
opfolger Jacques de Larosière
lid fan de Earste Keamer
amtsperioade 19711973
fise-premier fan Nederlân
amtsperioade 19671971
Nederlânsk minister fan Finânsjes
amtsperioade 19671971
foargonger Jelle Zijlstra
opfolger Roelof Nelissen
lid fan de Twadde Keamer
amtsperioade 19651967
Nederlânsk minister fan Finânsjes
amtsperioade 19631965
foargonger Jelle Zijlstra
opfolger Anne Vondeling
lid fan de Twadde Keamer
amtsperioade junyjuly 1963
lid fan de Earste Keamer
amtsperioade 19581963

Johan Witteveen (folút: Hendrikus Johannes Witteveen; Seist, 12 juny 1921 - Gemeente Wassenaar, 23 april 2019) wie in Nederlânsk VVD-politikus, ekonoom en publisist, dy't fan 1967 oant 1971 ûnder it regear fan premier Piet de Jong fise-premier fan Nederlân wie. Hy hat ek tsjinne as minister fan Finânsjes, lid fan 'e Earste en Twadde Keamer en direkteur fan it IMF. Dêrnjonken skreau er ferskate boeken oer ekonomyske ûnwerpen en it sûfisme, de religy dy't hy oanhinget.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Witteveen waard yn 1921 yn Seist berne as de soan fan 'e bekende stêdeboukundige Willem Gerrit Witteveen en dy syn frou Anna Maria Wibaut. Hy is de pakesizzer fan 'e Amsterdamske SDAP-wethâlder fan Siuwsk komôf Floor Wibaut. Witteveen folge de middelbere skoalle oan it Gynasium Erasmianum te Rotterdam. Oanslutend studearre er fan 1939 oant 1946 ekonomy oan 'e Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle, ek yn Rotterdam. Nei't er yn 1947 promovearre wie op 'e dissertaasje Loonhoogte en Werkgelegenheid, waard er oan dyselde hegeskoalle beneamd ta lektor en in jier letter ta heechlearaar ekonomy.

Fan 1947 oant 1963 wie Witteveen dêrnjonken as ekonoom ferbûn oan it Sintraal Planburo, in funksje dêr't er fanwegen syn belangstelling foar ekonometry en de reitsflakken tusken ekonomy en polityk ta útnûge waard troch Nobelpriiswinner Jan Tinbergen. Op polityk mêd is Witteveen liberaal en waard er lid fan 'e VVD. Fan 1958 oant 1963 siet er foar dy partij yn 'e Earste Keamer, en fan juny oant july 1963 yn 'e Twadde Keamer. Hy ferliet it parlemint om yn it regear fan minister-presidint Victor Marijnen minister fan Finânsjes te wurden, in funksje dy't er oant de fal fan dat kabinet, yn 1965, ferfolle.

Witteveen mei it bekende kofferke op Prinskesdei 1963.

Fan 1965 oant 1967 siet Witteveen op 'e nij yn 'e Twadde Keamer, wêrnei't er yn it kabinet fan premier Piet de Jong (1967-1971) fannijs minister fan Finânsjes en dêropta ek fise-premier waard. Yn dy snuorje naam Witteveen it inisjatyf ta de ynfiering fan 'e btw yn Nederlân. Fan 1971 oant 1973 hied er wer sit yn 'e Earste Keamer, en dêrnei tsjinne er fan 1973 oant 1978 as direkteur fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF). Oanslutend wied der oant 1985 de earste foarsitter fan 'e yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington D.C. fêstige ekonomyorganisaasje de Groep fan Tritich.

Witteveen is troud mei Liesbeth de Vries Feijens, mei wa't er fjouwer bern krige. Syn soan Willem Witteveen, dy't ek politikus wie en foar de PvdA yn 'e Earste Keamer siet, wie ien fan 'e passazjiers op 'e needlottige Malaysia Airlines-flecht 17, dy't op 17 july 2014 boppe de eastlike Oekraïne by fersin troch pro-Russyske rebellen delsketten waard. Dêrby kamen Willem Witteveen, syn frou Lidwien Witteveen-Heerkens, syn dochter Marit Witteveen en alle 295 oare ynsittenden om it libben.

Johan Witteveen is fierders in bekend oanhinger fan 'e sûfistyske beweging en hat behalven oer ekonomyske ûnderwerpen ek ferskate boeken oer it sûfisme publisearre. Hy waard yn 1971 bejeftige mei de rang fan kommandeur yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau en waard yn 1979 beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan de Nederlânske Liuw. Sûnt 1980 is er lid fan 'e Keninklike Nederlânske Akademy fan Keunsten en Wittenskippen. Yn 1982 ûntfong er de Four Freedoms Award foar frijwaring fan brekme.

Witteveen kaam op 23 april 2019 yn Wassenaar te ferstjerren yn 'e hege âlderdom fan 97 jier. Ien dei foar syn dea waard yn De Volkskrant noch in fraachpetear mei him ôfprinte. Dêryn joech er syn persoanlike fisy op 'e sin fan it libben, wêrby't er ferwiisde nei it sûfisme.

  • 1947 – Loonhoogte en Werkgelegenheid (dissertaasje)
  • 1952 – Conjunctuurtheorie en Conjuntuurpolitiek
  • 1960 – Winstaandeel en Economische Groei
  • 1995 – Universeel Soefisme: De Weg van Liefde, Harmonie en Schoonheid
  • 2001 – Soefisme en Economie (oarspr. yn it Ingelsk útbrocht, as Sufism and Economics)
  • 2006 – Tot de Ene: De Weg van het Universeel Soefisme
  • 2010 – Soefisme, de Religie van het Hart: Essenties uit het Werk van Hazrat Inayat Khan (skreaun troch Hazrat Inayat Khan, red. en gearstalling troch Witteveen)
  • 2012 – De Magie van Harmonie: Autobiografie van H. Johannes Witteveen (mei Saskia Rosdorff)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.