Springe nei ynhâld

Kenny Rogers

Ut Wikipedy
Kenny Rogers
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kenneth Ray Rogers
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 augustus 1938
berteplak Houston (Teksas)
stoarn 20 maart 2020
stjerplak Sandy Springs (Georgia)
etnisiteit Iersk
Yndiaansk
wurkpaad
sjenre country
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint stim, basgitaar, fioel, harmonika
grutste hit(s) Coward of the County
The Gambler
Islands in the Stream
Lucille
Ruby, Don't Take Your Love
   to Town
jierren aktyf 19572017
prizen 13× American Music Award
ACM Award
CMA Award
Grammy Award
offisjele webside
kennyrogers.com

Kenny Rogers (folút: Kenneth Ray Rogers; Houston, 21 augustus 1938Sandy Springs (Georgia), 20 maart 2020) wie in Amerikaansk sjonger, muzikant, lietsjeskriuwer, akteur, presintator, muzykprodusint en ûndernimmer, en ien fan 'e meast ferneamde country-artysten fan 'e wrâld. Hy sette yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren útein mei syn karriêre, en wie yn 't earstoan lid fan ferskate bands. De bekendste dêrfan wie The First Edition, wêrmei't er ein 1960-er jierren de hit Ruby, Don't Take Your Love to Town skoarde. As solo-artyst belibbe Rogers benammen yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren en yn 'e 1980-er jierren grutte súksessen, mei lieten as Lucille, The Gambler en Coward of the County.

Rogers song in protte duëtten mei sjongsters as Dolly Parton (bgl. Islands in the Stream) en Sheena Easton (We've Got Tonight), en covere ek lieten fan oare sjongers, lykas Reuben James, Me and Bobby McGee en The Son of Hickory Holler's Tramp. Behalven country song er ek wol popmuzyk en rockmuzyk. Hy hie mear as 120 hits en stie allinnich al yn 'e Feriene Steaten yn totaal rom 200 wiken op it earste plak yn 'e hitlisten. Rogers ferkocht wrâldwiid mear as 165 miljoen platen en wûn trije Grammy Awards en in grut tal American Music Awards, ACM Awards en CMA Awards. Njonken syn sjongkarriêre wurke er ek as akteur, benammen yn tillefyzjefilms dy't basearre wiene op guon fan syn lieten.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rogers waard yn 1938 berne yn Houston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as it fjirde fan acht bern yn 'e húshâlding fan Edward Floyd Rogers (1904-1975), in timmerman, en dy syn frou Lucille Lois Hester (1910-1991), in assistint-ferpleechkundige. Hy wie fan mingd Iersk en Yndiaansk etnysk komôf. Rogers genoat leger ûnderwiis oan 'e Wharton Elementary School, en middelber ûnderwiis oan 'e Jefferson Davis High School (no de Northside High School), dêr't er yn 1956 foar syn eineksamens slagge.

Iere jierren by ferskate bands

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rogers sette syn sjongkarriêre útein as rockartyst. Hy hie yn 1957, doe't er njoggentjin jier wie, in lytse hit mei it nûmer That Crazy Feeling. Neitiid joech er him by in jazzband mei as namme The Bobby Doyle Three, dy't in protte optreden yn nachtklubs en sa ridlik wat fans krigen. De band naam syn platen op by platemaatskippij Columbia Records, mar gie yn 1965 útinoar. It jiers dêrop naam Rogers as solo-artyst in jazzy rock-single op foar Mercury Records, mei as namme Here's That Rainy Day. Doe't dat gjin súkses waard, begûn er te wurkjen as muzykprodusint, lietsjeskriuwer en eftergrûnmuzikant foar country-artysten as Mickey Gilley en Eddy Arnold. (Hy bespile it basgitaar, de fioel en de harmonika.)

Letter yn 1966 joech Rogers him by in nije band, The New Christy Minstrels, dêr't er lead-sjonger en basgitarist waard. Yn 1967 spjalten Rogers en trije oare bandleden, Mike Settle, Terry Williams en Thelma Camacho, harren ôf fan The New Christy Minstrels, en rjochten in eigen band op, dy't The First Edition kaam te hjitten. (Letter, doe't Rogers bekendheid krige, waard de namme feroare yn 'Kenny Rogers and the First Edition'.) Kin Vassy waard it fyfde bandlid. The First Edition hie sawol pop- as countryhits, wêrûnder it psychedelyske rockliet Just Dropped In (to See What Condition My Condition Was In), dat jierren letter nije bekendheid krije soe doe't it troch de bruorren Coen brûkt waard foar de soundtrack fan in dreamsêne fan 'e kultfilm The Big Lebowski. Oare hits fan The First Edition wiene: But You Know I Love You, Ruby, Don't Take Your Love to Town, Tell It All, Brother, Reuben James, Me and Bobby McGee en Something's Burning.

Kenny Rogers yn 2007.

Doe't The First Edition yn 1976 útinoar gie, besocht Rogers op 'e nij, en diskear mei súkses, in solokarriêre te begjinnen. Hy tekene in kontrakt mei United Artists Records en begûn in gearwurking mei muzykprodusint Larry Butler dy't fjouwer jier duorje soe. Dêrby ûntwikkele er in eigen styl dy't sawol leafhawwers fan country oanspriek, as (faak) foar popmuzyk trochgean koe. Syn earste studio-album, dat útkaam yn juny 1976, wie Love Lifted Me. De beide lieten dy't dêrfan as single útbrocht waarden, Love Lifted Me en While the Feeling's Good, waarden lytse hits.

Yn jannewaris 1977 brocht Rogers syn twadde studio-album út, dat simpelwei Kenny Rogers hiet. De earste single fan dat album, Laura (What's He Got That I Ain't Got) waard fannijs in lytse hit, mar de twadde single, Lucille, dat giet oer oerhoer en ympotinsje, waard in ûnbidich súkses. It smiet Rogers syn earste Grammy Award op, yn de kategory bêste manlike countrysang. Der giene mear as fiif miljoen eksimplaren fan oer de toanbank en it nûmer fêstige de karriêre fan Rogers as countrysjonger. Benammen troch it súkses fan Lucille berikte it album Kenny Rogers it earste plak yn de gesachhawwende Country Album Chart fan it muzyktydskrift Billboard. It waard Rogers syn earste platina plaat. Behalven de beide as singles útbrochte lieten befette Kenny Rogers ek Rogers syn coverferzje fan The Son of Hickory Holler's Tramp. Syn syn trêde album, Daytime Friends, dat yn july 1977 ferskynde, waard ek platina.

Yn 1978 wurke Rogers gear mei sjongster en countryleginde Dottie West, dy't in goede freondinne fan him wie, foar inkele albums en in stikmannich duëtten. Fan 'e beide albums berikte de gouden plaat Every Time Two Fools Collide (1978) it earste plak yn 'e albumlisten, wylst Classics (1979) stykjen bleau op plak 3, mar him ûntjoech ta in platina plaat. De duëtten Every Time Two Fools Collide (nû. 1), Anyone Who Isn't Me Tonight (nû. 2), What Are We Doin' in Love (nû. 1), All I Ever Need Is You (nû. 1) en Till I Can Make It On My Own (nû. 3) waarden sûnder útsûndering countryklassikers. Yn in parseberjocht út 1978 sei Rogers dat West syn karriêre by it countrypublyk konsolidearre hie. Hy wie ien fan 'e lêsten dy't har libben seagen doe't se yn 1991 mei 58 jier beswiek oan ferwûnings dy't se oprûn hie by in auto-ûngemak. Yn 1995 spile Rogers himsels yn 'e biografyske tillefyzjefilm Big Dreams and Broken Hearts: The Dottie West Story.

Love or Something Like It, Rogers syn fyfde studio-album, dat yn july 1978 útkaam, waard in gouden plaat yn 'e Feriene Steaten en Kanada. In folle grutter súkses waard syn sechsde album, The Gambler, dat yn 'e Feriene Steaten fiif kear platina waard en yn Kanada fjouwer kear. De grutste hit fan dat album wie de single The Gambler, oer de lêste rie fan in âlde gokker, dêr't Rogers syn twadde Grammy Award mei wûn. It album Kenny, dat yn 1979 útkaam en yn 'e Feriene Steaten trije kear platina en yn Kanada fjouwer kear platina waard, omfette de nûmer 1-single Coward of the County, ien fan Rogers syn grutste en bekendste hits, op basis wêrfan't yn 1981 in film makke waard. Yn 1980 beëinigen Rogers en muzykprodusint Larry Butler harren wurkbân foarearst, hoewol't se letter noch ferskate kearen ynsidinteel gearwurkje soene, lykas yn 1987 oan it album I Prefer the Moonlight en yn 1993 oan it album If Only My Heart Had a Voice.

Yn 1980 kaam Rogers syn kompilaasje-album Greatest Hits út, dat sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada in diamanten plaat (tolve kear platina) waard. Datselde jiers waard it liet Don't Fall in Love with a Dreamer, dat Rogers opnaam yn in duët mei Kim Carnes, in grutte hit. Letter yn 1980 begûn er in gearwurking mei Lionel Richie, dy't Rogers syn nûmer 1-hit Lady skreau en produsearre. Richie produsearre ek Rogers syn súksesfolle album Share Your Love, út 1981, mei pophits as I Don't Need You (nû. 3), Through the Years (nû. 13) en Share Your Love with Me (nû. 14). Datselde jiers brocht Rogers syn earste krystalbum út, mei as titel Christmas. Ek kocht er yn 1981 it âlde Dunhill-gebou fan ABC, dêr't er ien fan 'e modernste en populêrste muzykstudio's fan Los Angeles fan makke.

Yn 1982 brocht Rogers it album Love Will Turn You Around út, wêrfan't de titelsong it trettjinde plak berikte yn 'e Billboard Hot 100-pophitlist en it earste plak helle yn 'e countryhitlisten. It wie ek de titelmuzyk fan Rogers syn film Six Pack, dy't itselde jiers útkaam. Koarte tiid letter gied er in gearwurking oan mei muzykprodusint David Foster, dy't yn 1983 syn duët mei Sheena Easton We've Got Tonight produsearre (eins in cover fan Bob Seger), dat in ûnbidich súksesfolle nûmer 1-hit waard.

Neitiid wurke Rogers gear mei Barry Gibb fan de Bee Gees, dy't yn 1983 syn album Eyes That See in the Dark produsearre. Dat waard yn 'e Feriene Steaten twa kear platina en yn Kanada trije kear platina. It hie eins de bedoeling west dat se inkeld ien liet mei-inoar meitsje soene, mar op oantrún fan Gibb kaam der út harren gearwurking in hiel album fuort. Eyes That See in the Dark omfette noch wer in ûnbidich súksesfolle nûmer 1-hit: it duët mei Dolly Parton Islands in the Stream, dat yn 2005 troch de CMT Music Awards útroppen waard ta favorite countryduët aller tiden. Gibb en syn bruorren Robin en Maurice skreaune it liet oarspronklik foar Marvin Gaye yn in R&B-styl en pasten it earst letter oan foar Rogers en Parton.

Kenny Rogers yn 2004.

It folgjende jier, 1984, wurken Rogers en Parton op 'e nij gear, doe't se tegearre it krystalbum Once Upon a Christmas makken, dat resultearre yn it populêre krystliet Christmas Without You. Yn 1985 wurke Rogers mei oan it duët Real Love, dat útbrocht waard as in single fan Parton en fuortendaliks boppe-oan yn 'e hitlisten kaam. Ek yn lettere jierren songen Rogers en Parton noch gauris tegearre, de lêste kear foar You Can't Make Old Friends, in duëtsingle út 2013.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1984 brocht Rogers syn fyftjinde studio-album út, What About Me?, wêrfan't er de titelsong What About Me? song mei Kim Carnes en James Ingram. Dat nûmer waard nominearre foar in Grammy Award, wylst in oar liet fan itselde album, Crazy, it earste plak yn 'e hitlisten berikte. Rogers syn folgjende album, The Heart of the Matter, waard produsearre troch George Martin. Ek dit album wie súksesfol, en waard in gouden plaat, mar it helle it lang net by Rogers syn eardere súksessen. Op 28 jannewaris 1985 wie Rogers ien fan 45 Amerikaanske sjongers dy't it goeddiedichheidsnûmer We Are the World songen om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de grutte hongersneed yn Etioopje. It liet waard foar in part yn syn eigen studio yn Los Angeles opnommen.

Yn 'e folgjende jierren skoarde Rogers geregeldwei hits, lykas Twenty Years Ago, Morning Desire en Tomb of the Unknown Love. Syn folgjende albums, They Don't Make Them Like They Used To (1986) en I Prefer the Moonlight (1987), diene it lykwols mar midsmjittich, hoewol't Something Inside So Strong (1988) en it krystalbum Christmas in America (1989) wer gouden platen waarden. Yn 1988 wûn Rogers syn trêde Grammy Award foar it nûmer Make No Mistake, She's Mine, in duët mei Ronnie Milsap. Yn 'e 1990-er jierren berikte er op 'e nij de top fan 'e hitlisten mei nûmers as The Factory, Crazy in Love, If You Want to Find Love en The Greatest. Fan 1991 oant 1994 wied er op de tillefyzjestjoerder A&E Network presintator fan The Real West, in dokumintêresearje oer it Wylde Westen.

Yn 1994 brocht Rogers ûnder de titel Timepiece syn "dream"-album út dat bestie út jazz-nûmers yn in styl dy't tebek gie op 'e 1930-er en 1940-er jierren. It wie foar him in nostalgyske trip werom yn 'e tiid nei it soarte muzyk dat er yn syn iere jierren as lid fan The Bobby Doyle Three makke hie. Yn 1996 kaam it album Vote for Love út, dêr't Rogers leafdeslieten op song dy't útkeazen wiene troch in stimming ûnder syn fans. Tusken de covers fan bekende ferskes sieten ek ferskaten fan syn eigen lieten. Hoewol't it album inkeld fia tillefyzjewinkel QVC te krijen wie, waard it in ûnbidich súkses en kaam it omreden fan de grutte fraach letter ek yn de gewoane winkels beskikber. Yn 1999 produsearre en song Rogers ek in liet, We've Got It All, foar de lêste ôflevering fan de komeedzjesearje Home Improvement. Dat ferske stiet op gjin inkeld album en opnames derfan bringe in hege priis op by feilings.

Begjin 2000, yn it earste jier fan 'e ienentweintichste iuw, stie Rogers, dy't doe 61 jier wie, op 'e nij op it earste plak yn 'e Amerikaanske countryhitlisten mei de single Buy Me a Rose. Hy waard dêrmei de âldste artyst mei in nûmer 1-hit en ferbriek it rekôr fan Hank Snow, dy't yn april 1974, doe't er 59 jier wie, it earste plak helle mei Hello Love. Rogers behold syn rekôr goed trije jier, mar ferlear it yn 2003 oan 'e santichjierrige Willie Nelson, doe't dy syn liet Beer for My Horses, in duët mei Toby Keith, op it earste plak kaam.

Hoewol't Rogers yn 'e 2000-er jierren minder albums útbrocht as foartiid – There You Go Again (2000), Back to the Well (2003) en Water & Bridges (2006) – hied er yn in protte lannen noch hieltyd grut súkses mei nije kompilaasje-albums. Yn 2004 berikte it album 42 Ultimate Hits, dat de earste sammelalbum wie dat sawol syn jierren by The First Edition as syn karriêre as solo-artyst omfieme, it sechsde plak yn 'e Amerikaanske country-albumlisten. It waard in gouden plaat, en it befette ek twa nije nûmers: We Are the Same en My World Is Over. Dat lêste, in duët mei Whitney Duncan, waard útbrocht as single en groeide út ta in beskieden hit. Yn 2005 waard it sammelalbum The Very Best of Kenny Rogers in kommersjeel súkses yn Jeropa en benammen yn it Feriene Keninkryk.

Underwilens sleat Rogers in kontrakt mei platemaatskippij Capitol Records. Dêr hied er nei in reklamekampanje op 'e Amerikaanske tillefyzje in protte súkses mei it kompilaasje-album 21 Number Ones, dat yn jannewaris 2006 útkaam. Hoewol't dy cd yndie 21 nûmer 1-hits befette, dy't opnommen wiene tusken 1976 en 2005, wie it lykwols gjin komplete kolleksje fan al Rogers syn nûmer 1-hits, en ûntbrieken lieten as Crazy in Love en What About Me? Ek it studio-album Water & Bridges kaam by Capitol út. De earste single fan dat album wie I Can't Unlove You, in nûmer dat yn 'e hitlisten net heger kaam as nûmer 17, mar wol mear as in healjier yn 'e hitlisten hingjen bleau. Tsjin dy tiid wie it mear as fyftich jier lyn dat Rogers syn earste band foarme, en 38 jier dat er foar it earst in hit skoard hie mei The First Edition. De trêde single fan Water & Bridges, in duët mei Don Henley mei as titel Calling Me, waard yn 2007 nominearre foar in Grammy Award.

Yn augustus 2008 brocht Rogers it album 50 Years út, dêr't guon fan syn grutste hits op stiene en ek trije nije lieten. Yn 2009 gied er op syn 50e Jubileumtoernee troch de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Ierlân. Yn april 2010 waard de tillefyzjespecial Kenny Rogers: The First 50 Years opnommen, mei gastoptredens fan û.o. Dolly Parton en Lionel Richie. Yn 2012 naam Rogers op 'e nij de hit Lady op, diskear yn in duët mei de skriuwer fan it liet, Lionel Richie. It duët waard útbrocht op Richie syn album Tuskegee. Yn 2013 waard Rogers ynhuldige as lid fan de Country Music Hall of Fame, en datselde jiers fersoarge er in optreden op it ferneamde Glastonbury Festival yn Ingelân. Ek naam er dat jiers syn op ien nei lêste studio-album op, mei as namme You Can't Make Old Friends. De titelsong wie in nij duët mei Dolly Parton en tagelyk de earste single dy't Rogers yn seis jier útbrocht hie.

It lêste studio-album fan Kenny Rogers kaam yn 2015 út, doe't er 77 jier wie. It wie in krystalbum mei as titel Once Again It's Christmas. Datselde jier kundige Rogers syn ôfskiedstoernee oan, dat er The Gambler's Last Deal neamde. Dêrûnder foelen optredens yn de Feriene Steaten, Austraalje, Skotlân, Ierlân, Ingelân, Nederlân en Switserlân. Sûnensswierrichheden spilen Rogers lykwols parten, en op 5 april 2018 moast er The Gambler's Last Deal op doktersadvys ôfblaze. Syn lêste optreden wie sadwaande in konsert dat er op 25 oktober 2017 joech yn de Bridgestone Arena yn Nashville (Tennessee), mei gastoptredens fan û.o. Lionel Richie, The Judds, Kris Kristofferson, Alison Krauss, Lady Antebellum, Idina Menzel, Reba McEntire en Dolly Parton. Yn totaal naam Rogers 65 albums op en ferkocht er wrâldwiid mear as 165 miljoen platen.

Kenny Rogers.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn sjongkarriêre hie Rogers ek súkses as akteur. Hy spile yn twa films, Six Pack (1982) en Long Shot (2001), wêrfan't de earste, dêr't er de rol fan in autokoereur yn fertolke, yn 'e Amerikaanske bioskopen mear as $20 miljoen winst makke. As akteur waard Rogers lykwols bekender troch syn meiwurking oan in stikmannich tillefyzjefilms, wêrfan't de rige fan fiif films oer The Gambler (1980-1994) en ek Coward of the County (1981) en Christmas in America (1990) basearre wiene op syn hits mei deselde nammen. Fierders fertolke Rogers yn 1994 twa kear de rol fan Jack MacShayne yn 'e tillefyzjewesterns MacShayne: Winner Takes All en MacShayne: The Final Roll of the Dice. Ek hied er gastrollen yn tillefyzjesearjes as Dr. Quinn, Medicine Woman (1994), Touched by an Angel (2000), Reno 911! (2003) en How I Met Your Mother (2009).

Rogers wie ferslingere oan 'e fotografy en publisearre sels twa fotoboeken mei eigen wurk: Kenny Rogers' America (1986) en Your Friends and Mine (1987). Yn oktober 2012 brocht Rogers fierders in autobiografy út mei as titel Luck or Something Like It: A Memoir. Mei Mike Blakeley skreau er boppedat de roman Wat Are the Chances?, dy't útkaam yn septimber 2013.

Aktiviteiten as ûndernimmer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 rjochte er mei John Y. Brown jr., de eardere algemien direkteur fan 'e fastfoodrestaurantkeatling Kentucky Fried Chicken, in eigen keatling restaurants op, mei de namme Kenny Rogers Roasters, dêr't hin en karbonaadsjes optsjinne waarden. Dat bedriuw wie it ûnderwerp fan in ôflevering fan 'e populêre Amerikaanske komeedzjesearje Seinfeld en waard ek op 'e hak nommen yn inkele oare komeedzjesearjes en satiryske tillefyzjeprogramma's. Op 27 novimber 1997, doe't Rogers te gast wie yn it praatprogramma Late Night with Conan O'Brien, slagge it him net om by in smaaktest syn eigen hinnefleis derút te pikken; syn ferwar wie dat er mear in 'hamburger-man' wie.

Fan 1992 oant 1995 wie Rogers ien fan 'e eigners fan it 4.000 sitten tellende Grand Palace Theatre, in skouboarch yn Branson (Missoery). Hy ferbûn syn namme ek oan 'e Gambler Chassis Company, in fabrikant fan sprintcarracing-auto's yn Hendersonville (Tennessee).

Rogers troude fiif kear en hie fiif bern. Syn earste houlik sleat er op 15 maaie 1958 mei Janice Gordon, mar it einige yn april 1960 al yn in skieding. Ut dat houlik waard in dochter berne, Carole Lynn Rogers. Yn oktober 1960 wertroude Rogers mei syn twadde frou Jean, fan wa't er yn 1963 ek skiede. Syn trêde frou wie Margo Anderson, mei wa't er yn oktober 1964 troude. Se krigen ien bern en skieden yn 1976. Rogers troude mei syn fjirde frou, aktrise Marianne Gordon, op 1 oktober 1977. Ek mei har krige er ien bern foar't se yn 1993 skieden. Op 1 juny 1997 troude Rogers foar de fyfde en lêste kear, no mei Wanda Miller, mei wa't er twillingsoannen krige en oan syn dea ta troud bleau.

Mids 2000-er jierren liet Rogers plastyske sjirurgy by himsels dwaan troch syn eachlidden te liften. De operaasje pakte net goed út en joech syn gesicht in hiel oar oansjen. Yn 2006 joech er yn in fraachpetear mei it tydskrift People ta dat er der alhielendal net tefreden oer wie en dat er eins wol graach wer werom woe nei de sitewaasje fan foar de operaasje.

Rogers kaam op 20 maart 2020 yn 'e âlderdom fan 81 jier te ferstjerren yn syn hûs yn Sandy Springs, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't er ûnder palliative soarch ferkearde. Omreden fan 'e beheinings dy't de koronafiruspandemy (dêr't er net oan stoar) op dat stuit oan it iepenbiere libben opleine, waard er yn besletten fermidden begroeven. Syn famylje hie koart nei syn dea plannen foar in gruttere iepenbiere betinking fan syn libben as de omstannichheden dat wer talieten.

jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1976 Love Lifted Me
1977 Kenny Rogers (platina)
(goud)
Daytime Friends (platina)
(goud)
1978 Every Time Two Fools Collide (mei Dottie West) (goud)
Love or Something Like It (goud)
(goud)
The Gambler wûn in CMA Award foar album fan it jier
wûn 2× in American Music Award foar favorite country-album (1980 en 1981)
(5× platina)
(4× platina)
1979 Classics (mei Dottie West) (platina)
Kenny (3× platina)
(4× platina)
1980 Gideon (platina)
(2× platina)
1981 Share Your Love (platina)
(2× platina)
Christmas (2× platina)
(platina)
1982 Love Will Turn You Around (platina)
(platina)
1983 We've Got Tonight (platina)
(platina)
Eyes That See in the Dark wûn in American Music Award foar favorite country-album (1985) (2× platina)
(3× platina)
(platina)
1984 What About Me? (platina)
(platina)
Once Upon a Christmas (mei Dolly Parton) (2× platina)
(5× platina)
1985 The Heart of the Matter (goud)
(goud)
1986 They Don't Make Them Like They Used To
1987 I Prefer the Moonlight
1988 Something Inside So Strong (goud)
1989 Christmas in America (goud)
1990 Love Is Strange
1991 Back Home Again
1993 If Only My Heart Had a Voice
1994 Timepiece (mei David Foster)
1996 Vote for Love
The Gift (goud)
1997 Across My Heart
1998 Christmas from the Heart
1999 She Rides Wild Horses (platina)
2000 There You Go Again
2003 Back to the Well
2006 Water & Bridges wûn in CMT Music Award foar album fan it jier
2011 The Love of God
2013 You Can't Make Old Friends
2015 Once Again It's Christmas
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2012 Christmas Live!

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1978 Ten Years of Gold wûn in American Music Award foar favorite country-album (1979) (4× platina)
(platina)
1979 The Kenny Rogers Singles Album (goud)
1980 Greatest Hits
Britske ferzje: Lady
wûn in American Music Award foar favorite country-album (1982) (diamant oftewol 12× platina)
(diamant oftewol 12× platina)
1983 20 Greatest Hits (4× platina)
(2× platina)
HBO Presents: Kenny Rogers Greatest Hits
1984 Duets (platina)
(goud)
1985 The Kenny Rogers Story
Love Is What We Make It (goud)
His Greatest Hits and Finest Performances
Short Stories
1987 25 Greatest Hits
1988 Greatest Hits (goud)
1989 Lucille and Other Classics
1990 20 Great Years (platina)
Greatest County Hits
The Very Best of Kenny Rogers
1992 The Best of Kenny Rogers
1993 Daytime Friends: The Very Best of Kenny Rogers (platina)
Every Time Two Fools Collide: The Best of
   Kenny Rogers and Dottie West
(mei Dottie West)
1997 A Decade of Hits
1998 With Love
1999 A&E Biography
Throught the Years: A Retrospective
2000 Kenny Rogers Collection
2001 Best Inspirational Songs
Songs of Love
Kenny Rogers
Live by Request
2002 Love Songs
2003 The Definitive Collection
2004 Kenny Rogers: Love Songs
42 Ultimate Hits (goud)
Christmas with Kenny
2005 Golden Legends: Kenny Rogers
2006 21 Number Ones (goud)
Kenny Rogers
Christmas Collection
2008 A Love Song Collection
50 Years
2009 The First 50 Years
2010 10 Great Songs
Kenny Rogers
The Best of Kenny Rogers
2012 Amazing Grace
2014 10 Great Songs – 20th Century Masters: The Millennium Collection

Eigen A-singles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1958 That Crazy Feeling
For You Alone
Jole Blon
1966 Here's That Rainy Day
1975 Love Lifted Me
1976 While the Feeling's Good
Laura (What's He Got That I Ain't Got)
1977 Lucille wûn in Grammy Award foar bêste manlike country-sang
wûn in ACM Award foar liet fan it jier
wûn in ACM Award foar single fan it jier
wûn in CMA Award foar single fan it jier
wûn in American Music Award foar favorite single
(goud)
(sulver)
Daytime Friends
Sweet Music Man
1978 Every Time Two Fools Collide
(duët mei Dottie West)
Anyone Who Isn't Me Tonight
(duët mei Dottie West)
Love or Something Like It
The Gambler wûn in Grammy Award foar bêste manlike country-sang
wûn in Music City News Award foar single fan it jier
(2× platina)
1979 All I Ever Need Is You
(duët mei Dottie West)
Til I Can Make It on My Own
(duët mei Dottie West)
She Believes in Me (goud)
You Decorated My Life
Coward of the County wûn in American Music Award foar favorite countrysingle (1981)
wûn in Music City News Award foar single fan it jier
(goud)
(goud)
1980 Don't Fall in Love with a Dreamer
(duët mei Kim Carnes)
Love the World Away
Lady (goud)
1981 I Don't Need You
Share Your Love with Me
Blaze of Glory
1982 Though the Years
Love Will Turn You Around wûn in American Music Award foar favorite countrysingle
A Love Song
1983 We've Got Tonight
(duët mei Sheena Easton)
All My Life
Scarlett Fever
Islands in the Stream
(duët mei Dolly Parton)
wûn in ACM Award foar single fan it jier
wûn in ASAP Award foar favorite single
wûn in CMT Music Award foar favorite countryduët aller tiden (2005)
(platina)
(platina)
(platina)
1984 This Woman
Eyes That See in the Dark
Evening Star
What About Me?
(mei Kim Carnes en James Ingram)
Crazy
Christmas Without You
(duët mei Dolly Parton)
The Greatest Gift of All
(duët mei Dolly Parton)
1985 Morning Desire
1986 Tomb of the Unknown Love
The Pride Is Back
(duët mei Nickie Ryder)
The Don't Make Them Like They Used To
1987 Twenty Years Ago
Make No Mistake, She's Mine
(duët mei Ronnie Milsap)
wûn in Grammy Award foar bêste countryduët
I Prefer the Moonlight
1988 The Factory
When You Put Your Heart in It
1989 Planet Texas
(Something Inside) So Strong
The Vows Go Unbroken (Always True to You)
1990 Maybe
(duët mei Holly Dunn)
Love Is Strange
(duët mei Dolly Parton)
1991 Lay My Body Down
Walk Away
What I Did for Love
If You Want to Find Love
1992 Someone Must Feel Like a Fool Tonight
I'll Be There for You
1993 Missing You
Ol' Red
1994 You Are So Beautiful
(duët mei David Foster)
1997 Sing Me Your Love Song
1999 The Greatest
Slow Dance More
Buy Me a Rose
(mei Alison Krauss en Billy Dean)
2000 He Will, She Knows
2001 There You Go Again
Beautiful (All That You Could Be)
Homeland
2002 Harder Cards
2002 I'm Missing You
Handprints on the Wall
2004 My World Is Over
(duët mei Whitney Duncan)
2005 I Can't Unlove You
2006 The Last Ten Years (Superman)
2007 Calling Me
(duët mei Don Henley)
The Gambler (op 'e nij útbrocht)
2013 You Can't Make Old Friends
(duët mei Dolly Parton)

Eigen B-singles dy't de hitlisten hellen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1984 Buried Treasure
Midsummer Nights
1990 If I Knew Then What I Know Now
(duët mei Gladys Knight)
Crazy in Love
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1981 What Are We Doin' in Love
(duët mei Dottie West)
1985 We Are the World
(mei ferskate artysten)
(4× platina)
(sulver)
(goud)
(platina)
(goud)
(3× platina)
(3× platina)
(platina)
Real Love
(duët mei Dolly Parton)
1989 If I Ever Fall in Love Again
(duët mei Anne Murray)
1991 Voice That Care
(mei ferskate artysten)
2001 America the Beautiful
(mei ferskate artysten)

Promoasjesingles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1981 Kentucky Home Made Christmas
1983 You Were a Good Friend
1984 Together Again
(duët mei Dottie West)
1985 Love Is What We Make It
Twentieth Century Fool
1986 Goodbye Marie
1988 I Don't Call Him Daddy
1997 Mary, Did You Know?
(duët mei Wynonna Judd)
2015 Here It Is Christmas / Baby, It's Cold Ouside
(duët mei Jennifer Nettles)
Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1973 Saga of Sonora balladesjonger tillefyzjefilm
1975 The Dream Makers Earl tillefyzjefilm
1980 The Gambler Brady Hawkes tillefyzjefilm
1981 Coward of the County omke Matthew tillefyzjefilm
1983 The Gambler: The Adventure Continues Brady Hawkes tillefyzjefilm
1985 Wild Horses Matt Cooper tillefyzjefilm
1987 The Gambler, Part III: The Legend Continues Brady Hawkes tillefyzjefilm
1990 Christmas in America Frank Morgan tillefyzjefilm
1991 The Gambler Returns: The Luck of the Draw Brady Hawkes tillefyzjefilm
1992 The Real West presintator en voice-over dokumintêresearje
1993 Rio Diablo Quentin Leech tillefyzjefilm
1994 Dr. Quinn, Medicine Woman Daniel Watkins ôflevering Portraits
1994 The Gambler V: Playing for Keeps Brady Hawks tillefyzjefilm
1994 MacShayne: Winner Takes All Jack MacShayne tillefyzjefilm
1994 MacShayne: The Final Roll of the Dice Jack MacShayne tillefyzjefilm
1995 Big Dreams and Broken Hearts: The Dottie West Story himsels tillefyzjefilm
1997 Get to the Heart: The Barbara Mandrell Story himsels tillefyzjefilm
2000 Touched by an Angel Denny Blye ôflevering Buy Me a Rose
2003 Reno 911! himsels ôflevering Security for Kenny Rogers
2009 How I Met Your Mother freonlike boekfoarlêzer as stimakteur; ôflevering Duel Citizenship
films
1982 Six Pack Brewster Baker
2001 Longshot piloat
jier priis kategory foar it nûmer/album
1977 Academy of Country Music Award single fan it jier Lucille
liet fan it jier Lucille
bêste manlike sjonger n.f.t.
Country Music Association Award single fan it jier Lucille
Grammy Award bêste sjongen fan countrymuzyk troch in man Lucille
1978 American Music Award favorite single Lucille
Academy of Country Music Award bêste manlike sjonger n.f.t.
entertainer fan it jier n.f.t.
Country Music Association Award sjongduo fan it jier (mei Dottie West) n.f.t.
1979 American Music Award favorite country-album 10 Years of Gold
favorite manlike country-artyst n.f.t.
Country Music Association Award album fan it jier The Gambler
sjongduo fan it jier (mei Dottie West) n.f.t.
manlike sjonger fan it jier n.f.t.
Grammy Award bêste optreden fan in countrysjonger The Gambler
Music City News Award single fan it jier The Gambler
manlike artyst fan it jier n.f.t.
1980 American Music Award favorite country-album The Gambler
favorite manlike country-artyst n.f.t.
Music City News Award single fan it jier Coward of the County
1981 American Music Award favorite countrysingle Coward of the County
favorite country-album The Gambler
favorite manlike pop/rockartyst n.f.t.
1982 American Music Award favorite country-album Greatest Hits
1983 Academy of Country Music Award single fan it jier (mei Dolly Parton) Islands in the Stream
bêste duët (mei Dolly Parton) n.f.t.
American Music Award favorite countrysingle Love Will Turn You Around
favorite manlike pop/rockartyst n.f.t.
ASAP Award favorite single (mei Dolly Parton) Islands in the Stream
1985 American Music Award favorite country-album Eyes That See in the Dark
favorite manlike country-artyst n.f.t.
1986 útroppen troch USA Today favorite sjonger aller tiden n.f.t.
1988 Grammy Award bêste countryduët (mei Ronnie Milsap) Make No Mistake, She's Mine
1999 útroppen troch de BBC op ien nei grutste countrysjonger n.f.t.
2000 TNN Music Award Career Achievement Award (oeuvrepriis) oeuvre
2003 International Entertainment Buyers Association Award Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis) oeuvre
2005 CMT Music Award favorite countryduët aller tiden (mei Dolly Parton) Islands in the Stream
2007 ASCAP Award ASCAP Golden Note Award (oeuvrepriis) oeuvre
CMT Music Award album fan it jier Water & Bridges
2013 Country Music Hall of Fame ynhuldige as lid n.f.t.
Country Music Association Award Willie Nelson Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis) oeuvre
2017 Texas Country Music Hall of Fame ynhuldige as lid n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.