Springe nei ynhâld

N.K. Jemisin

Ut Wikipedy
N.K. Jemisin
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nora K. Jemisin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 septimber 1972
berteplak Iowa City (Iowa)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, SF, essay's, blôch
tema's kulturele & seksuële konflikten
bekendste
  wurk(en)
The Hundred Thousand Kingdoms
The Killing Moon
The Broken Earth
útjouwer Orbit Books
prizen Hugo Award 2016, 2017, 2018
Locus Award 2011
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
nkjemisin.com

N.K. Jemisin (folút: Nora K. Jemisin; Iowa City (Iowa), 19 septimber 1972), is in Amerikaansk skriuwster, essayiste, blochster, psychologe, universiteitsdekaan en aktiviste fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Har oeuvre heart ta de sjenres fan 'e fantasy en science fiction. Jemisin is iepentlik biseksueel, en hat ferskate kearen nominearre west foar prestizjeuze literêre prizen yn har sjenres, wêrûnder de Hugo Award, de Nebula Award en de World Fantasy Award. Fan 2016 oant 2018 wûn se trijeris op rige de Hugo Award yn 'e kategory bêste roman.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

N.K. Jemisin waard yn 1972 berne yn Iowa City, yn 'e steat Iowa. Hja brocht har jonkheid foar in diel troch yn 'e stêd New York en foar in diel yn Mobile, yn it súdlike Alabama, dêr't har famylje wei kaam. Se hie yn dy tiid in nauwe bân mei har folle neef W. Kamau Bell, dy't letter bekend wurde soe as komyk en dokumintêremakker. Jemisin studearre fan 1990 oant 1994 oan 'e Tulane Universiteit yn New Orleans, yn Louisiana, dêr't se in bachelorstitel yn psychology helle. Neitiid sette se dy oan 'e Universiteit fan Marylân College Park, yn College Park, om yn in masterstitel yn psychology en ûnderwiiskunde. Jemisin wenne letter tsien jier lang yn 'e noardeastlike steat Massachusetts, foar't hja har úteinlik nei wenjen sette yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn, dêr't se wurket as universiteitsdekaan.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jemisin begûn te skriuwen doe't se tsien jier âld wie, mar se is wisberet dat har iere skriuwerij, yn har eigen wurden, "nea it deiljocht sjen sil." Yn 2002 folge se de Viable Paradise-skriuwworkshop, wêrnei't se ferskate koarte ferhalen begûn te publisearjen. Se foarme ûnderdiel fan 'e skriuwersgroep de BRAWLers, út 'e omkriten fan Boston, en is tsjintwurdich in lid fan 'e skriuwersgroep Altered Fluid, út New York.

Yn 2010 kaam Jemisin har earste boek út, The Hundred Thousand Kingdoms, dat mei loovjende kritiken ûntfongen waard en har in Locus Award foar bêste fantasyroman, in Japanske Sense of Gender Award en nominaasjes foar ferskate oare prizen opsmiet. Fan har folgjende boeken diene fral The Broken Kingdoms, The Killing Moon, The Shadowed Sun, The Fifth Season, The Obelisk Gate en The Stone Sky it goed. Dy trije lêste boeken (dy't de trilogy The Broken Earth foarmje) waarden yn 2016, resp. 2017 en 2018 bekroane mei in prestizjeuze Hugo Award, de heechste literêre priis foar fantasy- en science fiction-boeken, yn 'e kategory bêste roman. Jemisin is de iennichste auteur dy't dy priis trije kear efterinoar wûn hat. Dêrnjonken hat se noch trije kear nominearre west foar in Hugo Award, fjouwer kear foar in World Fantasy Award en seis kear foar in Nebula Award.

Yn july 2016 sei Jemisin har baan op om har fulltime oan har skriuwkarriêre te wijen. Sûnt jannewaris 2016 skriuwt se fierders ienris yn 'e twa moannen de kollumn Otherworldly yn 'e krante The New York Times. Har fiksje ferkent in wiid útinoar rinnend ferskaat oan tema's en motiven, wêrûnder kulturele en seksuële konflikten en de dêrút fuortkommende ûnderdrukking. N.K. Jemisin hat har sûnt likernôch 2012 ferset tsjin alle foarmen fan rasisme, seksisme en homofoby yn 'e science fiction- en fantasy-subkultuer fan 'e Feriene Steaten. Se docht dat û.m. troch sokke saken oan 'e kaak te stellen op har blôch. Dit krewearjen hat har sawol freonen as fijannen oplevere.

Under har taspraak foar it Continuum-sympoasium yn Austraalje, yn 2013, wiisde Jemisin derop dat 10% fan 'e leden fan 'e Science Fiction and Fantasy Writers of America (SFWA) derfoar stimd hie om 'e skriuwer Theodore Beale (ek bekend as Vox Day), in lid fan 'e ekstreem-rjochtse alt right-beweging, ta foarsitter te beneamen. Se neamde Beale "ien dy't himsels omskreaun hat as frouljushater, rasist, antysemyt en in noch pear oare smaken kloatsak," en wiisde derop dat it stilhâlden fan sokke dingen itselde wie as se mooglik te meitsjen. Beale reägearre troch Jemisin út te meitsjen foar in "ûnderrjochte mar ûntwittende wylde". In link nei dy opmerkings waard op 'e Twitterside fan 'e SFWA pleatst, wêrnei't Beale út 'e organisaasje set waard.

blomlêzings
koarte ferhalen
  • 2004 – L'Alchimista (yn Scattered, Covered, Smothered)
  • 2004 – Too Many Yesterdays, Not Enough Tomorrows (yn Ideomancer)
  • 2005 – Red Riding-Hood's Child (yn Fishnet)
  • 2005 – Cloud Dragon Skies (yn Strange Horizons)
  • 2007 – The You Train (yn Strange Horizons)
  • 2007 – The Narcomancer (yn Helix, werprinte yn Transcriptase)
  • 2007 – The Brides of Heaven (yn Helix, werprinte yn Transcriptase)
  • 2007 – Bittersweet (yn Abyss and Apex)
  • 2008 – Playing Nice With God's Bowling Ball (yn Baen's Universe)
  • 2009 – The Dancer's War (yn Like Twin Stars: Bisexual Erotic Stories)
  • 2009 – Non-Zero Probabilities (yn Clarkesworld Magazine)
  • 2010 – Sinners, Saints, Dragons, and Haints in the City Beneath the Still Waters (yn Postscripts)
  • 2010 – On the Banks of the River Lex (yn Clarkesworld Magazine)
  • 2011 – The Effluent Engine (yn Steam-Powered: Lesbian Steampunk Stories)
  • 2011 – The Trojan Girl (yn Weird Tales)
  • 2011 – 1929: the Singular Taffy Puller
  • 2012 – Valedictorian (yn After: Nineteen Stories of Apocalypse and Dystopia)
  • 2014 – Walking Awake
  • 2014 – Stone Hunger
  • 2016 – The City Born Great
  • 2012 – WisCon Blogs: Documents of Conversation and Struggle (mei Saladin Ahmed, K. Tempest Bradford, Amal El-Mohtar, Woodrow Jarvis Hill, Shweta Narayan en Shveta Thakrar)
  • 2013 – How Long 'til Black Future Month? The Toxins of Speculative Fiction, and the Antidote That Is Janelle Monáe
  • 2014 – Dreaming Awake
  • 2014 – There's No Such Thing As a Good Stereotype
  • 2014 – Fantastic Profanity
  • 2014 – Why I Think RaceFail Was the Bestest Thing Evar for SFF
  • 2014 – Guest of Honor Speech for Continuum IX
  • 2014 – Time to Pick a Side

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2004 The Year's Best Fantasy and Horror, 18th Collection wûn earfolle fermelding L'Alchimista
2010 Goodreads Choice Award nominearre bêste roman The Hundred Thousand Kingdoms
Hugo Award nominearre bêste koarte ferhaal Non-Zero Probabilities
James Tiptree, Jr. Award nominearre n.f.t. The Hundred Thousand Kingdoms
Nebula Award nominearre bêste roman The Hundred Thousand Kingdoms
nominearre bêste koarte ferhaal Non-Zero Probabilities
Romantic Times Reviewers' Choice Award nominearre epyske fantasyroman The Hundred Thousand Kingdoms
wûn bêste fantasyroman The Broken Kingdoms
2011 David Gemmell Award nominearre David Gemmell Morningstar Award for Best Fantasy Newcomer The Hundred Thousand Kingdoms
IAFA William L. Crawford Fantasy Award nominearre n.f.t. The Hundred Thousand Kingdoms
Hugo Award nominearre bêste roman The Hundred Thousand Kingdoms
Locus Award wûn bêste fantasyroman The Hundred Thousand Kingdoms
Romantic Times Reviewers' Choice Award nominearre epyske fantasyroman The Kingdom of Gods
Sense of Gender Award (Japansk) wûn n.f.t. The Hundred Thousands Kingdoms
World Fantasy Award nominearre bêste roman The Hundred Thousand Kingdoms
2012 Nebula Award nominearre bêste roman The Kingdom of Gods
Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste fantasyroman The Shadowed Sun
2013 Nebula Award nominearre bêste roman The Killing Moon
World Fantasy Award nominearre bêste roman The Killing Moon
2015 Nebula Award nominearre bêste roman The Fifth Season
2016 Hugo Award wûn bêste roman The Fifth Season
Locus Award nominearre bêste roman The Fifth Season
Nebula Award nominearre bêste roman The Obelisk Gate
World Fantasy Award nominearre bêste roman The Fifth Season
2017 Hugo Award nominearre bêste koarte ferhaal The City Born Great
wûn bêste roman The Obelisk Gate
World Fantasy Award nominearre bêste roman The Obelisk Gate
2018 Hugo Award wûn bêste roman The Stone Sky
Locus Award wûn bêste fantasyroman The Stone Sky
Nebula Award wûn bêste roman The Stone Sky

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.