Sjon Stellinga
Sjon Stellinga | ||
politikus | ||
echte namme | Sjon Stellinga | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 augustus 1958 | |
berteplak | Assen (Drinte) | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | PvdA | |
lid fan de gemeenterie fan Achtkarspelen | ||
amtsperioade | 2018 – 2022 | |
wethâlder fan Achtkarspelen | ||
amtsperioade | 2016 – 2018 | |
boargemaster fan Skiermûntseach | ||
amtsperioade | 2011 – 2015 | |
foargonger | Martin Zijlstra | |
opfolger | Dick Stellingwerf | |
lid fan de gemeenterie fan Achtkarspelen | ||
amtsperioade | 2010 – 2011 | |
wethâlder fan Achtkarspelen | ||
amtsperioade | 2006 – 2010 |
Sjon Stellinga (Assen, 5 augustus 1958) is in Frysk gemeentepolitikus foar de PvdA. Nei in bestjoerlike karriêre yn it bedriuwslibben waard er yn 2006 wethâlder yn Achtkarspelen. Letter waard er beneamd ta boargemaster fan Skiermûntseach, mar yn 2015 moast er opstappe fanwegen swierrichheden yn 'e relasjonele sfear.[1] Neitiid wie Stellinga aktyf yn 'e gemeentepolityk fan Achtkarspelen.[1][2]
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stellinga waard yn 1958 berne yn it Drintske Assen, mar groeide op yn Snits, dêr't er de middelbere skoalle folge oan it Bogerman Kolleezje. Neitiid studearre er oan 'e Ryksuniversiteit Grins, earst psychology, in stúdzje dy't er net ôfmakke, en letter bedriuwskunde.
Iere karriêre en gesinslibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er syn oplieding ôfrûne hie, gie Stellinga yn Amsterdam oan it wurk by PTT Post, as organisaasje-adviseur en managementtrainer. Letter klom er op ta haad oplieding en training.[1]
Yn 1988 kaam de earste frou fan Stellinga nei in siikbêd fan tsien wiken te ferstjerren oan kanker. Hja liet Stellinga efter mei harren jonkje fan sân moannen âld.[2] Yn 1994 wertroude Stellinga mei syn twadde frou, mei wa't er syn soan fierder grutbrocht en noch twa oare bern krige.[2]
Untwikkelingswurk en training
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stellinga wie ek aktyf as ûntwikkelingswurker yn it Afrikaanske lân Botswana, dêr't er foar it pleatslike Ministearje fan Underwiis in learare-oplieding foar it beropsûnderwiis opsette. Nei syn weromkear út Botswana, yn 2000, advisearre en trainde Stellinga meisizzenskipsorganen, foar it meastepart yn Nederlân, mar dêrnjonken ek yn Súd-Afrika.[1]
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2006 waard Stellinga troch de PvdA oansteld as wethâlder fan 'e Fryske gemeente Achtkarspelen. Trochdat syn partij yn 2010 de gemeenteriedsferkiezings ferlear, rekke er lykwols syn wethâlderspost kwyt. Neitiid wied er foarsitter fan 'e PvdA-fraksje yn 'e gemeenterie fan Achtkarspelen.[1]
Yn desimber 2011 waard Stellinga beneamd ta boargemaster fan it Waadeilân Skiermûntseach, as opfolger fan Martin Zijlstra, dy't dy funksje waarnommen hie. Begjin 2015 rûn Stellinga syn houlik fan tweintich jier op 'e klippen, dat er nei eigen sizzen "ferskriklik ferwaarleazge" hie. Op it eilân krige er yn 'e rin fan dat jier in relaasje mei in 34-jierrige (23 jier jongere) froulike amtner, dy't sels ek krekt skieden wie, en dy't troch har funksje fan beliedsmeiwurkster in protte mei de boargemaster gearwurkje moast.[1]
Yn in lytse mienskip as Skiermûntseach koe sa'n relaasje net geheim bliuwe, en al rillegau begûn der rabberij fan te gean, wat ta in lyts skandaal late. Sadwaande ljochte Stellinga begjin augustus 2015 de fraksjefoarsitters út 'e Skiermûntseager gemeenterie yn oer syn feroare privee-omstannichheden. Hoewol't de mearderheid fan 'e rie him oanbliuwe litte woe, waard him út 'e kristen-demokratyske hoeke dúdlik te ferstean jûn dat in priveerelaasje tusken in boargemaster en in amtneresse net troch de bûgel koe. Dêrop besleat Stellinga om syn ûntslach as boargemaster yn te tsjinjen. Hy waard opfolge troch waarnimmend boargemaster Dick Stellingwerf.[1]
Sûnt syn ôftreden as boargemaster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn oktober 2015 sette Stellinga him nei wenjen yn Grins, dêr't er wer úteinsette mei it psychologysk begelieden fan bedriuwstiims. Teffens sette er útein mei it skriuwen fan in boek, dat as wurktitel hie Een Zedenschets van een Kleine Gemeenschap.[1] Mids novimber 2016 waard Stellinga troch de PvdA weromhelle nei Achtkarspelen, om dêr de ôftreden wethâlder Gerda Postma op te folgjen.[3] Dy funksje beklaaide er oant de gemeenteriedsferkiezings fan 2018, wêrnei't er yn Achtkarspelen foar de PvdA wer gemeenteriedslid waard.[2]
Yn novimber 2019 ferskynde fan 'e hân fan Stellinga it autobiografyske Verdwaald op Schiermonnikoog, in boek wêryn't er it útinoar groeien fan himsels en syn twadde frou, de opbloeiende leafde mei de folle jongere beliedsmeiwurkster en de gefolgen dêrfan beskreau.[2] Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante joech Stellinga oan dat de relaasje mei de beliedsmeiwurkster noch altyd oanduorre.[2] Hy sei ek dat er yn syn boek iepenhertich fertelt, mar net krú wurdt, want "ik wol dat myn bern it boek gewoan yn 'e boekekast stean hawwe kinne."[2] Weromsjend op syn boargemasterskip joech er himsels as sifer in 7. "Ik bin mysels ôffallen. Ferbinen is net myn sterkste punt," seid er.[2]
Begjin augustus 2021 makke Stellinga bekend dat er nei de ein fan syn termyn as wethâlder fan Achtkarspelen yn 2022 net wer yn dy funksje beskikber wie. Hy wie fan doel om net inkeld de polityk, mar ek Fryslân te ferlitten en nei Grinslân te ferhúzjen. Dêr woed er him dan foltiids talizze op syn skriuwwurk.[4]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stelling, Sjon, Verdwaald op Schiermonnikoog, Grou, 2019 (Utjouwerij Louise), ISBN 978-9 49 15 36 625.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk politikus
- PvdA-politikus
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk ûntwikkelingswurker
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk sosjalist
- Frysk politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Frysk wethâlder
- Boargemaster fan Skiermûntseach
- Frysk bestjoerder
- Frysk ûntwikkelingswurker
- Frysk ûnderwizer
- Frysk sosjalist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan berne yn 1958