Springe nei ynhâld

Slach by Sleat (1420)

Ut Wikipedy
Slach by Sleat
Part fan de Grutte Fryske Oarloch
datum: 11 july 1420
plak: Sleat
útkomst: Oerwinning foar de Skieringers
konfliktpartijen
Alliearden Skieringers,
befelhawwers
Fokko Ukena, Sikke Sjaarda, Hindrik fan Renesse
sterkte
± 3.000 manlju ± 3.500 manlju
ferliezen
ûnbekend ûnbekend

De Slach by Sleat wie in fjildslach yn de Grutte Fryske Oarloch op 11 july 1420. De Skieringers hawwe dêr in wichtige oerwinning behelle.

Neidat de Skieringers troch de East-Fryske haadling Fokko Ukena op 10 maaie 1420 yn grutte tallen ferslein waarden yn de slach oan de Paelesleat sloegen de measten op 'e flecht. Sy fûnen beskûl yn de stêden Starum en Sleat. Dêrút waard help frege by hartoch Jan fan Beieren yn Hollân dy't neffens in ferbûn ferplichte wie om de Skieringers te helpen.

Fokko sloech nei syn oerwinning it belis foar Sleat dat er earst bemachtigje woe ear't Starum, it foarnaamste ûntwyk fan de Skieringers oanfallen wurde koe. Om Sleat gau ta oerjefte twinge te kinnen liet hy swier geskut út Grinslân oerkomme. De muorren fan de stêd blykten lykwols sterker te wêzen as't earst tocht waard, ek hienen har folle mear Skieringers yn de stêd ferskûle as't ynearsten tocht waard.

De Alliearden dy't tochten de Skieringers al yn de knipe te hawwen, wiene ferrast troch it hommels ferskinen fan de Hollanners, laat fan Hindrik fan Renesse. By oankomst oermasteren hja inkele fijânlike skippen en stutsen troch rjochting Sleat. As de betûfte troepen fan Jan fan Beieren op 11 july arrivearje, slute de hastich sammele Skieringers har dêr by oan. Dêrnei waard tsjin de Alliearde legermacht fan Fokko oplutsen.

Fokko moast foar de oermacht oer belies jaan en nei in bloedich gefjocht, dêr't in protte fan syn manlju by sneuvelje, nimt er lang-om-let de útwyk nei East-Fryslân. Ferskate finzen nommen Grinzer Fetkeaperske haadlingen, sa as Eelko Onsta, Hendrik Beiers, Abko ten Dyke, Johan Grove e.o., waarden nei Hollân brocht en earst nei it beteljen fan losjild wer frij litten.

Yn Westerlauwersk Fryslân wie nei de slach by Sleat foar koarte tiid sprake fan in sekere rêst. De Fetkeapers doarden it libben fan harren finzen nommen haadlingen net yn gefaar te bringen. Op 14 septimber slute de lannen fan Eastergoa en Westergoa in wapenstilstân mei de stêd Grins, de Ommelannen en Okko II tom Brok fan East-Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Eise Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010.

Keppeling om utens:

Boarnen:

  • Worp fan Thabor, Chronicon Frisiae.
  • Ubbo Emmius, Friesische Geschiechte
  • Eggerik Beninga, Cronica der Frezen.