Wim Kan
Wim Kan | ||
artyst en/of kabaretier | ||
Wim Kan yn 1960 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 jannewaris 1911 | |
berteplak | Skeveningen | |
stoarn | 8 septimber 1983 (72 jier) | |
stjerplak | Nymwegen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | kabaretier, komyk, sjonger | |
jierren aktyf | 1931-1983 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Willem Cornelis (Wim) Kan (Skeveningen, 15 jannewaris 1911 - Nymwegen, 8 septimber 1983) wie in Nederlânsk kabaretier. Mei Toon Hermans en Wim Sonneveld wurdt er ta De Grutte Trije fan it Nederlânsk kabaret út de jierren fyftich oant en mei de jierren santich fan de 20e iuw rekkene..[1][2]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kan wie it tredde bern fan de amtner Jan Kan, dy't minister fan Binnenlânske Saken en Lânbou wurde soe, en Helena Cornelia Schalkwijk. Syn broer Jan wie lid fan de Ried fan Steat.
Kan siet op mear as ien middelbere skoalle, omdat er ferskate kearen fan skoalle stjoerd waard. Hy gie nei de toanielskoalle yn Amsterdam, dy't er ek net ôfmakke. Hy spile yn 1930 bûten skoalle om yn in toanielstik krige sadwaande kunde oan de tsien jier âldere revuestjer Corry Vonk. Op 28 juny 1933 boasken sy oan elkoar. Kan debutearre 1 oktober 1931 offisjeel by it Nederlânsk-Ynjesk toaniel fan Cor Ruys yn it stik 'Mijn zoon Etienne.
Kan sette útein mei it skriuwen fan teksten foar de revue fan syn frou, en op 15 augustus 1936 rjochten sy tegearre it ABC-kabaret op. De foarstellings wiene in grut súkses.
Yn 1937 hie Kan in byrol yn de film Pygmalion fan regisseur Ludwig Berger en produsint Rudy Meyer, mei Lily Bouwmeester yn de haadrol.
Ein 1939 ferfear it ABC-kabaret foar in toernee nei Nederlânsk-Ynje. Meidat Dútslân Nederlân oermastere, koene de Kans net weromkomme. Doe't se noch yn Ynje wiene, foel Japan de koloanje yn. Dêrnei bedarren beide yn in Japansk konsintraasjekamp.
Birmaspoarwei en Hirohito
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kan kaam úteinlik te lâne yn in kriichsfinzenekamp by de Birmaspoarwei (bynamme: Deadespoarwei). Hy krige in relatyf beskerme posysje en dêrtroch hoegde er sa folle net te arbeidzjen as de trochsneed finzene. Syn ûnderfinings yn Birma ferwurke er nei de oarloch yn guon fan syn optredens.
Op 1 maart 1946 gie it pear werom yn Nederlân. Sy giene it teäater wer yn en it ABC-kabaret kaam ta nij libben. It waard in kweekfiver foar jonge talinten sa as Ton van Duinhoven, Teddy Scholten en Henk Scholten, Rijk de Gooijer dy't harren karriêre dêr út ein setten en in protte oaren lykas Jenny Arean, Mimi Kok Nelly Wiegel - Nelly Frijda, Maya Bouma, Wieteke van Dort, Frans Halsema, Marnix Kappers en Frits Lambrechts diene der ûnderfining op. Tekstskriuwers sa as Seth Gaaikema en Simon Carmiggelt leveren bydragen oan it kabaret.
Doe't de Japanske keizer Hirohito yn oktober 1971 Nederlân besite brocht, protestearre Kan fûl en die er in oprop om de keizer as oarlochsmisdiediger foar it gerjocht te bringen.[3] It Kabinet-Biesheuvel I gong frijwat wivelich om mei de besite fan de keizer. Dat wie Kan en syn meistanners yn it Kabinet bot yn de wei. Yn syn âldjierskonferênse fan 1972 song Kan it protestliet: 'Er leven haast geen mensen meer'.
De keizer waard ûntfongen troch keininginne Juliana, yn oanwêzigens fan prinsesse Beatrix, prins Claus, prinsesse Margriet en har oare helte Pieter van Vollenhoven. Kan fûn dat skandalich en krige in protte stipe fan minsken mei in 'Yndysk ferline'; de media joegen de saak in soad omtinken.
By it ôfsetten fan Hirohito waard der demonstrearre op Lofthaven Skiphol en besocht Kan fergees syn 'Birma-deiboek' de keizer oan te bieden.
De saak kaam Kan op krityk te stean fan skriuwer Rudy Kousbroek omdat de keizer neffens him net direkt ferantwurdlik west hawwe soe foar de ellinde yn Nederlânsk-Ynje en Birma. Om 2000 hinne waard lykwols dúdlik dat Hirohito him wol persoanlik bemuoid hie mei de oarloch en net de marionet fan oaren west hie.[4]
Aldjierskonferênses
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wim Kan wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de Aldjierskonferênses yn Nederlân. Hy sette út ein yn 1954 mei in Aldjierskonferênse foar de radio; hy woe tûzen gûne barre en fan gjin sensuer witte wat doe noch wol wenst wie. Yn 1956, 1958, 1960, 1963 en 1966 folgen der mear, fral rjochte op de politike aktualiteit en altyd by de VARA. Unyk wie dat er politisy fan alle politike opfettings net sparre, ek dy fan syn eigen pylder net. Yn 1973, 1976 en 1979 waarden syn konferênses op tillefyzje útsjoerd en hien grut súkses
Yn 1981 joech Kan in ynterview yn de Alles is anders show fan Aad van den Heuvel dy't útrûn op een âldjierskonferênse fan in heal oere.
Kan wie altyd tige kritysk op syn eigen wurk. Dêrom waarden opnames fan foarstellings op 14 jannewaris 1969 en 14 maaie 1973 nea op tillefyzje brocht, meidat er der net tefreden oer wie. Ek by lettere konferênses wie it ôfwachtsjen oft Kan tastimming foar útstjoering jaan soe. It oardiel fan Wout van Liempt, dy't 25 jier lang syn rjochterhân en manager wie, wie tige wichtich foar Kan.
Kan stie foar it 'yntellektuele' kabaret. Mei it neidwaan fan Joseph Luns, Dries van Agt en Joop den Uyl krige Kan de lakers op 'e hân. Hy brûkt spykbrieven op it toaniel meidat er de hiele foarstelling net út 'e holle spylje koe. Ru van Veen wie syn fêste pianist en nei ôfrin kaam Corry altyd it poadium op.
Lêste jier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1982 krige Corry Vonk in oerhaal. Kan koe him dat jier min konsintrearje op de âldjierskonferênse. De tv-útstjoering krige net sokke bêste resinsjes hoewol't de sjochsifers goed west wiene,[5].
In lyts jier letter, op 8 septimber 1983, stoar Kan hommels yn it St. Radboud sikehûs yn Nymwegen, in skoftke nei't in tumor dy't net behannele wurde koe by him fûn wie.
Wim Kan waard kremearre yn it krematoarium Moscowa yn Arnhim. De urn mei syn jiske stie dêr in tal jierren yn it kolumbarium. Letter waard de jiske op see ferstruid.
List fan âldjierskonferênses
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1954: Nou je weet wa'k zeggen wil
- 1956: 't Was me het jaartje wel
- 1958: Waardig over de drempel
- 1960: Uithuilen en opnieuw beginnen
- 1963: Twaalf miljoen oliebollen op aardgas
- 1966: Lachend over de loongrens
- 1973: Zuinig over de drempel (mei it anty-Hirohitoliet 'Er leven haast geen mensen meer')
- 1976: Waar gaan we in het nieuwe jaar naar toe
- 1979: Wankelend over de drempel
- 1982: We spreken af dat we niets afspreken
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|