Springe nei ynhâld

Back to the Future Part II

Ut Wikipedy
Back to the Future Part II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Robert Zemeckis
produsint Bob Gale
Neil Canton
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
senario Bob Gale
kamerarezjy Dean Cundey
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Amblin Entertainment
Universal Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Michael J. Fox
Christopher Lloyd
byrollen Thomas F. Wilson
Lea Thompson
Elisabeth Shue
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 1989
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $336 miljoen
prizen 1 × BAFTA
1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Back to the Future
● foarich diel Back to the Future
● folgjend diel Back to the Future Part III

Back to the Future Part II is in Amerikaanske science fiction-komeedzjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Christopher Lloyd. It is it ferfolch op 'e súksesfolle film Back to the Future út 1985. It ferhaal folget teenager Marty McFly en syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown, as se út 1985 tritich jier nei de takomst reizgje om foar te kommen dat Marty syn soan de hiele famylje McFly yn it ferdjer stoarte sil. As harren âlde fijân Biff Tannen it ferline feroaret, moatte se dêrnei werom nei 1955 om dat wer rjocht te setten. De film foarmet ien lange ferhaalline mei it folgjende diel, Back to the Future Part III, dat yn 1990 útkaam. Back to the Future Part II omfette foar dy tiid baanbrekkende special effects, mar late ek ta in rjochtsaak dy't de frijheid fan filmmakkers oan bannen lei om 'e likenis fan akteurs te brûken as dy net op 'e nij yn deselde rol cast wurde. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in daverjend kommersjeel súkses yn 'e bioskopen, en wurdt tsjintwurdich troch guon filmkenners sjoen as ien fan 'e bêste ferfolchfilms ea makke.

It is 26 oktober 1985, de deis nei't teenager Marty McFly út 1955 weromkeard is yn syn wenplak Hill Valley (Kalifornje), en syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown, trochreizge is nei de takomst. As Marty dy moarns syn faam Jennifer Parker moetet, wurdt er, ear't er har fertelle kin wat er de foargeande dei útheefd hat, ûnderbrutsen troch Doc Brown, dy't yn syn (no fleanende) DeLorean-tiidmasine weromkomt út 'e takomst. Hy bepraat Marty en Jennifer om yn te stappen, sadat er harren fuortendaliks meinimme kin nei de takomst. Harren takomstige bern hawwe nammentlik ferlet fan help. Biff Tannen, de âlde pleachgeast fan Marty syn heit George, dy't troch it omprutsen fan Marty mei it ferline no George syn servile assistint wurden is, sjocht as iennichste de fleanende tiidmasine ferdwinen.

Trijeresom reizgje Marty, Doc en Jennifer nei 21 oktober 2015, dêr't Doc fuort nei oankomst Jennifer mei in elektroanysk apparaatsje yn 'e sliep falle lit. Hja stelde nammentlik oan ien wei troch fragen oer har eigen takomst, en neffens Doc is it net goed om tefolle oer jins eigen takomst te witten. No sil se it tiidreizgjen letter as in dream beskôgje. Hy leit Marty út dat syn teenagesoan, Marty jr., oer in pear minuten in moeting hawwe sil mei Griff Tannen, de pakesizzer fan Biff, dy't him freegje sil mei te dwaan oan in ynbraak. As Marty jr., dy't in slopjanus is, him yntimidearje lit om dêr "ja" op te sizzen, sil er noch dyselde jûns arrestearre wurde en kriget er fyftjin jier finzenisstraf. As syn suster Marlene him letter besiket út te brekken út 'e finzenis, wurdt sy ek pakt en kriget sy tweintich jier finzenisstraf. Dy beide foarfallen foarmje de earste dominostientsjes foar it folsleine ferdjer fan 'e hiele famylje McFly. It is dêrom saak dat Marty him foardocht as syn eigen soan en Grif "nee" ferkeapet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst Doc de wiere Marty jr. op in sydspoar rangearret, nimt Marty it plak fan syn soan yn en stegeret it oanbod fan Griff ôf. As lykwols bliken docht dat it elektroanysk sliepferwekkingsapparaat fan Doc Marty jr. net lang genôch út 'e tiid holpen hat om't er it earder al brûkt hat foar Jennifer, komt Marty jr. dochs noch opdaagjen. It ferget wat fluch tinkwurk fan Marty om syn eigen soan bûten it sicht fan Griff bewusteleas te slaan, sadat er foarkomme kin dat Marty jr. alles dochs noch yn it hûndert rinne lit. Griff lokket slaanderij út mei Marty troch him te freegjen oft er som in leffert is (it iennichste dat altyd wurket om Marty op ien ein te krijen). As er lykwols foar Griff en syn maten útnaaie moat, ûntspint der him in efterfolging op 'hoverboards' (swevende skateboards), dy't de efterfolging fan Marty op in skateboard troch Biff en syn maten yn 1955 (sjoch: Back to the Future) sekuer wjerspegelet. Yn 2015 einiget de efterfolging lykwols as Griff-en-dy út 'e bocht fleane en dwers troch de glêspei hinne it stedhûs fan Hill Valley binnentommelje. Hja wurde fuortendaliks arrestearre, sadat de plande ynbraak net trochgiet en de ferdjerlike takomst fan 'e McFly-famylje feroaret yn ien fan foarspoed.

Ear't Marty him wer by Doc jout, giet er nei in winkel ta dêr't er in almenak oanskaft mei de útslaggen fan alle wichtige sporteveneminten fan 1950 oant 2000. It is syn bedoeling om, nei't er weromkeard is yn 1985, mei de kennis út 'e almenak jild te fertsjinjen troch weddenskippen ôf te sluten op 'e útkomst fan sportwedstriden. Doc ûntdekt lykwols wat er fan doel is, en leit dêr fluch it near op. De almenak ferdwynt yn in jiskefet. As Doc en Marty weromkeare nei it plak dêr't se de sliepende Jennifer efterlitten hawwe, sjogge se lykwols dat it fanke ûntdutsen is troch in pear plysjes. Oan 'e hân fan har fingerôfdrukken stelle dy fêst wa't se is en bringe har 'thús', dat wol sizze nei it hûs ta dêr't de tritich jier âldere Jennifer yn 2015 wennet as oarehelte fan Marty McFly. Doc en Marty sette de efterfolging yn om 'e jonge Jennifer werom te krijen, mar as se fuort binne, komt in Biff Tannen op hege jierren foar 't ljocht, dy't harren petear ôfharke hat en dêrút opmakke hat dat se tiidreizgers út it ferline binne. Hy pakt de weismiten almenak en nimt in taksy nei it hûs fan 'e McFly's.

Nei't se troch de plysjes thúsbrocht is, wurdt Jennifer wekker yn 'e wente fan har âldere sels yn 2015. Se ûndersiket har om-en-by en komt ta de konklúzje dat se earder net dreamde doe't Doc har en Marty meinaam nei de takomst. Se ferskûlet har foar de McFly's, en ûntdekt út harren praat dat har takomstige bestean as Marty syn frou net is wat se derfan ferwachte hie. Dat is it gefolch fan in ferkearsûngemak dat Marty krigen hat by in yllegale autorace, dêr't er oan meidien hat nei't immen him frege oft er soms in leffert wie. Jennifer is tsjûge fan in byldbelpetear fan Marty, wêrby't dyselde troch Douglas Needles, in kollega fan him, oanfitere wurdt om mei te dwaan oan in saaklike oerienkomst dy't it deiljocht net ferdrage kin. Marty wol der neat mei te krijen hawwe, mar giet oerstaach as Needles him freget oft er soms in leffert is. Dat resultearret yn it ûntslach fan Marty troch syn baas, dy't it tillefoanpetear ôfharke hat. As Jennifer besiket út har takomstige hûs te ûntsnappen, komt se by de foardoar har takomstige sels tsjin, mei as gefolch dat se derhinne falt.

Wylst Doc en Marty besykje Jennifer út it hûs te loadsen en har, nei't se flaufallen is, fersoargje, arrivearret Biff Tannen yn syn taksy by de ûnbeheard efterlitten DeLorean-tiidmasine. Dy brûkt er om nei it ferline te reizgjen, dêr't er syn jongere sels de almenak jout, wêrnei't er weromkeart nei 2015 en de tiidmasine krekt sa efterlit as er him oantroffen hat. Fuort nei't Biff him ôfjûn hat, drage Doc en Marty de noch altyd bewusteleaze Jennifer nei de DeLorean ta, wêrnei't se weromkeare nei 1985. Dêr arrivearje se by nacht. Se bringe Jennifer thús en lizze har op in touterbank op 'e weranda fan har hûs. Doc set Marty thús ôf en giet dan ek nei hûs, mei de bedoeling om syn tiidmasine te ûntmanteljen, om't it bestean fan it apparaat tefolle mooglikheden biedt om nije problemen mei it ferline of de takomst te feroarsaakjen.

Stadichoan kriget Marty foar it ferstân dat it 1985 dêr't er nei weromkeard is, dramatysk ferskilt fan it 1985 dêr't er út ôfset wie. It skud om 'e eftertûn fan it hûs fan 'e McFly's is no foarsjoen fan in hingslot, en as er deroerhinne klimt en troch it finster (sa't er wol faker docht) syn eigen sliepkeamer yngiet, blykt dêr in swart famke op bêd te lizzen. Hja is de dochter fan in ûnbekend gesin dat no it hûs fan 'e McFly's bewennet, en Marty moat drave foar syn libben as de heit him mei in honkbalkneppel tenei komme sil. As er Hill Valley fierder ferkent, blykt de stêd feroare te wêzen yn in dystopysk karikatuer fan it Hill Valley dat hy ken. Uteinlik ûntdekt er it iennichste goed ûnderholden gebou fan 'e stêd dat op it plak fan it âlde stedhûs stiet: in reuseftige wolkekliuwer mei dêryn in kasino en resorthotel dat eigendom is fan Biff Tannen, dy't no ien fan 'e rykste (en meast korrupte) manlju yn 'e Feriene Steaten is.

Marty moetet syn mem Lorraine, dy't no, tsjin har wil, sa liket it, mei Biff troud is, nei't syn heit, George, yn 1973 by in ûnoploste moard dearekke is. Marty sels is yn dizze foarm fan 1985 nei in kostskoalle yn Switserlân stjoerd om't Biff him net om him hinne hawwe wol. As Marty it grêf fan syn heit opsiket, treft er dêr Doc Brown, dy't ûnderwilens ek ûntdutsen hat dat der wat goed mis is. Sels is hy yn dit 1985 ûnder twang opnommen yn in psychiatrysk sikehûs. Oan 'e hân fan it draachpûdsje dêr't de almenak yn siet en de kop fan 'e gongelstôk fan 'e âlde Biff Tannen, dy't Doc allebeide yn 'e DeLorean oantroffen hat, riddenearret er út dat Biff út 2015 mei de tiidmasine nei it ferline reizge wêze moat en dêr de almenak oan 'e jonge Biff jûn hawwe moat. Dy iene feroaring moat soarge hawwe foar it ûntstean fan in alternative tiidline dy't laat hat ta dizze ferskriklik ferkearde foarm fan 1985. Doc seit dat hy en Marty werom yn 'e tiid gean moatte om dat rjocht te setten, want werom nei 2015 om 'e âlde Biff tsjin te kearen kin no net mear: dy foarm fan 2015 sil no ommers nea bestean. Se moatte dêrom sjen út te finen wannear't de oerdracht fan 'e almenak fan 'e âlde Biff oan 'e jonge Biff krekt plakfûn hat.

Marty giet nei Biff ta, dy't no syn styfheit is, en befreget him oer de almenak. Nei't er him dêr al dy jierren oer stilhâlde moatten hat, is Biff mar al te ree om te pronkjen mei wat er as syn eigen slûchslimmens beskôget. Hy befêstiget dat de almenak ferantwurdlik is foar alle rykdom en súkses yn syn libben, en fertelt dat er it boekje op 12 novimber 1955 fan in nuvere âldman krigen hat. Marty beseft dat dat deselde dei is dêr't hy earder yn it ferline nei ta reizge is. Biff giet fierder mei te fertellen dat de âldman him warskôge hat dat der op in stuit wolris in gekke wittenskipper of in arrogante snotnoas delkomme koe om nei de almenak te fernimmen, en dat er dan handich mei harren ôfweve moast. Dat hy hellet in revolver foar it ljocht en wol Marty deasjitte, mar dyselde makket him gau-gau út 'e fuotten. Om oan Biff en syn trewanten te ûntkommen, flechtet er nei it dak fan 'e wolkekliuwer, mar dêr rekket er ynsletten. Biff ferskynt mei syn revolver en fertelt Marty dat it itselde wapen is dêr't er yn 1973 Marty syn heit George mei fermoarde hat. Ear't er lykwols Marty ombringe kin, ferskynt Doc yn 'e fleanende DeLorean, dy't Biff bewusteleas slacht troch him in terwinkel mei in (nei boppen ta iepenjend) portier te jaan.

Neitiid reizgje Marty en Doc nei 1955, dêr't Marty de jonge Biff fan dat jier folget oant de âlde Biff út 2015 ferskynt om him de almenak te jaan. Pas as de âlde Biff weromkeard is nei syn eigen tiid sûnder euvelmoed dat der wat mis rûn is mei syn plannen, kin Marty de jonge Biff de almenak ôfpakke. Dêrby moat Marty der lykwols ek om tinke dat er net himsels fan syn eardere besyk oan 1955 treft, om't er de moeting tusken syn âldelju net wer yn 'e war skoppe wol. De âlde Biff komt al rillegau opdaagjen en langet syn jongere sels yndie de almenak oer. De jonge Biff hâldt it boekje lykwols deunby him, sadat Marty him lange tiid folgje moat om 'e kâns te krijen it him te ûntnaderjen. Dêrby besykje se wer it Enchantment under the Sea-bal op 'e pleatslike middelbere skoalle dêr't Marty syn âlden inoar foar it earst tútsje. Nei lang fruchteleas krewearjen wit Marty úteinlik de almenak te pakken te krijen as er op 'e út 2015 meibrochte hoverboard efter de auto fan Biff oan riidt troch in tunnel bûten de beboude kom fan Hill Valley. Biff keart de auto en sil Marty fan 'e dyk ride, mar dy wit krekt op 'e tiid de útgong fan 'e tunnel te berikken, dêr't Doc op him wachtet en him oan in tou de loft yn skuort. Biff ferliest de behearsking oer it stjoer en riidt (jitris) tsjin in frachtwein mei hynstedong oan, dêr't syn hiele auto mei fol komt te sitten.

Michael J. Fox yn 1988.
Christopher Lloyd yn 2010.
Thomas F. Wilson (2011).

Neitiid ferbaarnt Marty de almenak, sadat de feroarings yn 'e tiidline dy't it ding feroarsake hat, weromdraaid wurde. As Doc de DeLorean-tiidmasine besiket te lânjen, wurdt er lykwols troffen troch de wjerljocht en ferdwynt er op slach spoarleas. Marty is bang dat syn âlde freon dea is, mar frijwol fuortendaliks arrivearret der in koerier fan Western Union, dy't him in santich jier âld brief oerlanget dat oan him rjochte is. It docht bliken dat de wjerljochtslach de tiidmasine aktivearre hat en dat Doc dêrtroch yn 1885 bedarre is. Marty giet werom nei Hill Valley om 'e Doc Brown fan 1955 op te sykjen, de iennichste dy't him no helpe kin. Hy arrivearret dêr krekt op 'e tiid om tsjûge te wêzen fan 'e wjerljochtynslach yn it stedhûs en syn eigen eardere weromkear nei 1985 (sjoch: Back to the Future). Doc, dy't skokt is troch it op 'e nij ferskinen fan Marty nei't er him krekt werom nei de takomst stjoerd hat, falt flau. (It ferhaal giet fierder yn Back to the Future Part III.)

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Marty McFly Michael J. Fox
Doc Brown Christopher Lloyd


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Marty McFly jr. Michael J. Fox
Marlene McFly Michael J. Fox
Biff Tannen Thomas F. Wilson
Griff Tannen Thomas F. Wilson
Lorraine Baines McFly Lea Thompson
Jennifer Parker Elisabeth Shue
rektor Strickland James Tolkan
George McFly Jeffrey Weissman
Marvin Berry Harry Waters jr.
de Western Union-man Joe Flaherty
Terry Charles Fleischer
Douglas J. Needles Flea

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens regisseur Robert Zemeckis wie it oarspronklik hielendal net de bedoeling dat der ea in ferfolchfilm op Back to the Future makke wurde soe. Mar it grutte kommersjele súkses fan dy film joech dêr oanlieding ta en doe't haadrolspilers Michael J. Fox en Christopher Lloyd en senarioskriuwer anneks filmprodusint Bob Gale allegearre oan in ferfolch meiwurkje woene, stimde Zemeckis dêr ek mei yn. De earste ferzje fan it senario fan Back to the Future Part II waard foar it meastepart troch Gale skreaun, mei't Zemeckis sels doe drok wie mei syn film Who Framed Roger Rabbit?

As produsint wie behalven Gale ek Neil Canton by it projekt belutsen foar de filmstudio's Amblin Entertainment en Universal Pictures. Steven Spielberg fan Amblin hie it tafersjoch oer de hiele produksje as útfierend produsint. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri. De opnamen foar Back to the Future Part II setten op 20 febrewaris 1989 útein. De film wie fan baanbrekkend belang foar special effects, mei't Industrial Light & Magic (ILM) nije techniken brûkte om it mooglik te meitsjen dat in akteur yn ien sêne tagelyk ferskate rollen spile sûnder dat de bewegings fan 'e kamera dêrtroch beheind waarden.

Casting en kontroverse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte akteurs dy't yn 'e earste film spile hiene, kearden yn Back to the Future Part II yn deselde rol werom. Dêrûnder wiene behalven Michael J. Fox en Christopher Lloyd ek Lea Thompson (as Marty syn mem), Thomas F. Wilson (as Biff Tannen) en ferskate minder wichtige byrolspilers. Claudia Wells en Crispin Glover kearden lykwols net yn harren âlde rollen werom.

Wells hie yn 'e earste film de rol fan Jennifer Parker, Marty syn faam, fertolke. Hja keas yn 1989 foar it ferplegen fan har sike mem ynstee fan fuortsetting fan har aktearkarriêre. (Hja soe pas yn 1996 yn Hollywood weromkeare mei de haadrol yn Still Waters Burn.) Wells waard ferfongen troch Elisabeth Shue, wat it nedich makke dat de einsêne fan 'e earste film, dy't teffens de begjinsêne fan Back to the Future Part II is, op 'e nij opnommen waard. De werfilme sêne is opmerklik yn 'e filmskiednis om't er frijwol shot foar shot mei de oarspronklike opname oerienkomt, mei mar minime ferskillen.

De reden foar de ferfanging fan Glover, waans rol yn Back to the Future Part II oernommen waard troch Jeffrey Weissman, is omstriden. Neffens filmprodusint anneks senarioskriuwer Bob Gale soe Glover foar syn weromkear as Marty syn heit George McFly in te heech salaris easke hawwe. Glover hâldt lykwols út dat Gale en regisseur Robert Zemeckis nea fan doel wiene om him werom te bringen, mei't se lulk wiene dat er harren tsjinsprutsen hie op it mêd fan it morele boadskip fan 'e ein fan 'e earste film. Glover fûn nammentlik dat it ferhaal de haadpersoanen mei finansjeel gewin beleanne (lykas Marty syn nije pick-uptruck) ynstee fan mei leafde en oare positive emoasjes.

De sêne fan Claudia Wells (boppe) oan 'e ein fan Back to the Future moast op 'e nij filme wurde mei Elisabeth Shue (ûnder) doe't Wells net yn 'e rol fan Jennifer Parker weromkearde foar Back to the Future Part II.

Yn elts gefal paste Zemeckis ferskate trúkjes ta om dielname fan Glover oan 'e film te omsilen. Sa brûkte er earder opnommen bylden fan Glover út 'e earste film, en filme er nije bylden fan Jeffrey Weissman yn deselde rol, wêrby't dyselde in falsk kin, in falske noas en falske jokbonken droech om safolle mooglik op Glover te lykjen. Om dat te fertsjustermoanjen waard Weissman op 'e eftergrûn set, mei sinnebril op filme of sels ûnderstboppest hingjend. Fierders waard it senario werskreaun sadat George McFly yn 1985 dea is as Marty dêrhinne weromkeart.

Glover spande in rjochtsaak oan tsjin 'e produsinten fan Back to the Future Part II, mei't dyselden neffens him gjin oanspraak op syn persoanlike likenis meitsje koene, noch oer syn tastimming beskikten om dy yn harren film te brûken. Hoewol't de rjochtsaak bûten de rjochter om skikt waard, hie it ta gefolch dat sûnt yn kontrakten fan it Screen Actors Guild, it Amerikaanske fakbûn fan filmakteurs, standert opnommen is dat it produsinten en akteurs net tastien is en brûk de likenis fan in oare akteur. De saak wurdt no beskôge as fan it heechste belang op it mêd fan 'e ûntjouwing fan persoanlikheidsrjochten fan akteurs.

De distribúsje fan Back to the Future Part II waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 22 novimber 1989 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij MCA Records. Op 22 maaie 1990 waard Back to the Future Part II útbrocht as VHS-keapfideo. De earste dvd-edysje fan 'e film kaam út op 17 desimber 2002, en de earste blu-ray-edysje yn oktober 2010.

Fan 'e filmkritisy krige Back to the Future Part II by it útkommen fan 'e film mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 3 fan 4 stjerren en bekritisearre him om't er "de wiere krêft fan it orizjineel" mist hawwe soe. Wol hied er lof foar de slapstickeftige humor en de efterfolging mei it hoverboard. Neffens Janet Maslin fan The New York Times "slagge it [de film] om op lichtsinnige en fleurige wize ferbjusterjend [te wêzen], ynstee fan betiizjend."

Yn 'e Chicago Reader joech Jonathan Rosenbaum Back to the Future Part II lykwols in negative resinsje. Hy wie fan miening dat Zemeckis en Gale de personaazjes fan Marty McFly en Doc Brown ferwurde litten hiene ta in pear healwizen en fûn de aksjesênes "strikt formulemjittich". Boppedat fierde yn 'e film neffens him frouljushaat heechtij, mei't it personaazje fan Jennifer Parker al fuort oan it begjin bûten bewustwêzen brocht wurdt "sadat [it famke] har net bemuoie kin mei it boartsjen fan 'e jonkjes." It tydskrift Variety skreau dat de film "sichtber skea oprint" troch "Zemeckis syn fassinaasje mei it mei-inoar omgean litten fan syn personaazjes op ferskillende leeftiden yn harren libbens", wêrfoar't er "twongen is syn taflecht te nimmen ta guon tige goedkeape make-uptrúks."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Back to the Future Part II in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 61 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: [Dizze film] hellet it lang net by syn foargonger, mar syn healwize hichtepunten meitsje de út en troch oerdrokke yntriizjes fan in te fol troppe plot goed." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Back to the Future Part II in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 17 resinsjes. Tsjintwurdich wurdt Back to the Future Part II sjoen as in cultklassiker op himsels, los fan 'e orizjinele film. Guon filmkritisy beskôgje it no as ien fan 'e bêste ferfolchfilms aller tiden.

Back to the Future Part II brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $118,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $213,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $331,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $291,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Back to the Future Part II de op twa nei meast opbringende film fan 1989, nei Indiana Jones and the Last Crusade en Batman. Nettsjinsteande dat wie de opbringst minder as dy fan 'e earste film.

Back to the Future Part II waard yn 1990 nominearre foar de Oscar yn 'e kategory bêste special effects. De film wûn de BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis, foar bêste special effects, en teffens de Saturn Award yn deselde kategory. Fierders wûn Back to the Future Part II in Young Artist Award foar Michael J. Fox en in Kids' Choice Award foar favorite filmaktrise foar Lea Thompson.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Back to the Future (filmsearje)
lange films
Back to the Future (1985) • Back to the Future Part II (1989) • Back to the Future Part III (1990)
koarte films
Doc Brown Saves the World (2015)